Tjeerd Bottema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tjeerd Bottema2.JPG|thumb|''Boarstbyld Tseard Bottema, Voorstraat Katwijk'']]
[[Ofbyld:Tjeerd Bottema - tekst onder borstbeeld.JPG|thumb|''Tekst ûnder it byld'']]
'''Tjeerd Bottema''' ([[Langsweagen]], [[6 febrewaris]] [[1884]] - [[Katwijk]], [[9 maart]] [[1978]]) wie in FryskeFrysk skilder en grafikus. It [[Frysk Grafysk Museum]] op [[De Jouwer]] hat in soad ynformaasje en wurk fan him.
 
== Libben en wurk ==
De heit fan Tsjeard, Jehannes Bottema wie boer en hie fjouwer soannen. Tsjeard wie de jongste. Hy ferhûze as jonkje, mei fee en al, rinnedewei fan De Wyngaarden ûnder Langsweagen nei [[De Tynje]]. Dêr gie er mei syn âldere broer [[Tsjerk Bottema|Tsjerk]] nei skoalle. De wat syklike mar bejeftige master Bosma makke tige yndruk op Tsjeard, ek as foarbyld.
Lykas Tsjerk helle Tseard de ûnderwiisakte op de [[kweekskoalle]] fan [[Maastricht]]. De skoalle fan De Tynje, dêr't er as volontêr wolris ynfallen wie, hat him noch in baan oanbean. Mar deDe broers woenenwoene beidelykwols wat oars: de byldende keunst yn.
Tsjeard begûn, lykas earder Tsjerk, nei de 'kwik' as plateelskilder by 'De Distel' yn Amsterdam. Rillegau illústrearjeillústrearre er berneboeken[[berneboek]]en en tekene er reklamewurk. Hy makke doe al it fier en hein thús te bringen embleem fan de RVS (''Rotterdamsche VerzekeringsSociëteit''), dat mear as hûndert jier tsjinst dien hat as úthingboerd. Yn 1976 skreau er dêr sels oer: ''Nog op heden is die prent het blazoen van de maatschappij en als ruim negentigjarige geeft me dat nog altijd voldoening. Het bleek een groot succes, dat beeld van een man met en hondje, samen onder een paraplu''. De ferneamde polityk tekener [[Albert Hahn]] seach ek fuort wat yn dizze jongfeint fan krekt tweintich en gunde him wurk dat er sels net mear neikomme koe.
ÛnderwilensUnderwilens slagge Tsjeard yn 1904 foar de M.ÛU.-akte Tekenjen en doe koe er (nei't er earst noch gau it etsen oanleard hie) nei de Ryksakademy foar Byldende Keunsten yn [[Amsterdam]]. Want skilderje mei oaljeferve, dat wie wat er woe en blykber ek koe. Yn 1907 helle Tsjeard Bottema de gouden medalje fan de [[Prix de Rome]]. Doe koe er fjouwer jier lang twatûzen goune(!) it jier barre. Fan Rome (dêr't er de byldhouwer [[Pier Pander]] fan [[de Knipe]] moete), reizge er ôf nei Marokko, Spanje en Frankryk. Doe woe er noch graach nei [[Ingelân]] ta, benammen om it wurk fan [[William Turner]], en dat krige er ek klear.
Werom yn Nederlân trouwde Tsjeard op 28 desimber 1811 yn Laren (N.H.) mei Cornelia van Amstel, dy't fan de stêd [[Utert (stêd)|Utert]] kaam. It pearke hie inoarren kinnen leard op de Ryksakademy. Sy krigen twa dochters, ien yn 1913 en ien yn 1918.
Yntiids hie Tsjeard him al mar mear talein op it etsen. Hy skreau út en troch ek in berneboek dêr't er sels de printsjes by makke.