Isidoarus fan Sevilla: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Isidorus fan Sevilla to Isidoarus fan Sevilla: klam op 'e o, foar r = oa
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Isidor von Sevilla.jpeg|right|thumb|200px|IsidorusIsidoarus mei syn ensyklopedy, skildere troch [[Murillo]].]]
'''IsidorusIsidoarus fan Sevilla''' ([[Kartagena]], [[560]] - [[Sevilla (stêd)|Sevilla]], [[4 april]] [[636]]) ek wol '''Isidoar''' neamd is de [[beskermhillige]] fan it [[ynternet]]. Syn [[hjeldei]] is [[4 april]]. IsidorusIsidoarus waard troch de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] hillich ferklearre yn [[1598]] en yn [[1722]] ta [[tsjerkelearaar]] ferheft. Hy is benammen bekend wurden troch de [[ensyklopedy]] dy't er gearstalde.
 
== Libben ==
IsidorusIsidoarus, berne yn [[Kartagena]], wie de soan fan Severianus en Teodora en libbe yn Spanje yn de [[Iere Midsieuwen]]. Syn famylje levere ferskate wichtige geastliken lykas syn bruorren Leander en Fulgentius, beide biskop, en syn suster Florentina dy't talrike kleasters stifte. Hy folge syn broer [[Leander fan Sevilla|Leander]] op as [[aartsbiskop]] fan [[Sevilla (stêd)|Sevilla]]. Syn oare broer Fulgentius wie biskop fan [[Écija|Astigi]].
 
IsidorusIsidoarus wie biskop yn it roerige tiidrek dat folge nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]]. Hy besocht de Goatyske kultuer fan de [[Fisigoaten]], dy't Spanje sûnt it [[Grutte Folkeferfarren]] beset holden, mei de oerlevere Romeinske kultuer en de kristlike lear te kombinearjen. Dêrby roege hy ek de lêste fan it [[arianisme]] út doe't hy de Fisigoatyske kening [[Reccared I]] ta it [[katolisisme]] bekearde. Hy wie prominint oanwêzich op it [[Konsylje fan Sevilla]] yn [[619]] en it [[Konsylje fan Toledo]] yn [[633]]. By dat lêste konsylje stelde hy [[seminaarje]]s yn by alle Spaanske katedralen. [[Gryksk]], [[Hebrieusk]] en de [[Sân frije keunsten|frije keunsten]] as stúdzje stelde hy dêrby ferplicht, wylst [[rjochten]] en [[genêskunde|medisinen]] troch him oanmoedige waarden. Troch dizze inisjativen fan him, is foar in grut part te tankjen dat in soad klassike kennis troch de midsieuwen hinne yn Spanje behâlden bleaun is.
 
== Ensyclopedist ==
IsidorusIsidoarus skreau meardere boeken, mar is benammen ferneamd wurden as earste gearstaller fan in [[ensyklopedy]], de tweintichdielige [[Etymologiae]]. Oare skriften fan IsidorusIsidoarus binne biografyske wurdboeken, synonimenwurdboeken ("De differentiis verborum", "De differentiis rerum", "Synonyma") en [[Kronyk|Kronikenen]] ("Chronicon"). Dêrneist ferskine teologyske, taalkundige en natuerhistoaryske wurken fan syn hân. Syn ensyklopedy wie yn de midsieuwen tige populêr en waard ûntelbere kearen kopiearre.
 
== Beskermheilige ==
IsidorusIsidoarus is troch syn ensyklopedyske wurk de beskermhillige fan de [[katalogus]], de ensyklopedy en (sûnt 2003 net offisjeel) it ynternet. Hy wurdt ôfbylde mei in [[inketpôt]], in [[guozzefear]] en in [[boek (lêsboek)|boek]]. Soms draacht hy fanwege syn prediking in [[bijekoer (foarwerp)|bijekoer]] by him. Tsjintwurdich wurdt hy ek ôfbylde mei in [[kompjûter]] of in [[Toetseboerd]].
 
[[Ofbyld:Meister des Codex 167 001.jpg|thumb|right|180px|Sint IsidorusIsidoarus en biskop Braulio fan Zaragoza.]]
 
== Wurken ==
Rigel 31:
 
== Keppeling om utens ==
* [http://dispatch.opac.d-nb.de/DB=4.1/REL?PPN=118555995 Boeken fan IsidorusIsidoarus yn de katalogus fan de Deutsche Nationalbibliothek]
* [http://www.heiligen.net/apr/0404.htm H.IsidorusIsidoarus, biskop en tsjerkelearaar (HilligenNet)]
* [http://www.heiligen-3s.nl/heiligen/04/04/04-04-0636-Isidorus-Sevilla.php IsidorusIsidoarus fan Sevilla (Heiligen-3s)]
 
[[Kategory:Midsieusk skriuwer]]