Isidoarus fan Sevilla

(Trochferwiisd fan Isidorus fan Sevilla)

Isidoarus fan Sevilla (Kartagena, 560 - Sevilla, 4 april 636) ek wol Isidoar neamd is de beskermhillige fan it ynternet. Syn hjeldei is 4 april. Isidoarus waard troch de Roomsk-Katolike Tsjerke hillich ferklearre yn 1598 en yn 1722 ta tsjerkelearaar ferheft. Hy is benammen bekend wurden troch de ensyklopedy dy't er gearstalde.

Isidoarus mei syn ensyklopedy, skildere troch Murillo.

Isidoarus, berne yn Kartagena, wie de soan fan Severianus en Teodora en libbe yn Spanje yn de Iere Midsiuwen. Syn famylje levere ferskate wichtige geastliken lykas syn bruorren Leander en Fulgentius, beide biskop, en syn suster Florentina dy't talrike kleasters stifte. Hy folge syn broer Leander op as aartsbiskop fan Sevilla. Syn oare broer Fulgentius wie biskop fan Astigi.

Isidoarus wie biskop yn it roerige tiidrek dat folge nei de fal fan it West-Romeinske Ryk. Hy besocht de Goatyske kultuer fan de Fisigoaten, dy't Spanje sûnt it Grutte Folkeferfarren beset holden, mei de oerlevere Romeinske kultuer en de kristlike lear te kombinearjen. Dêrby rûge hy ek de lêste fan it arianisme út doe't hy de Fisigoatyske kening Reccared I ta it katolisisme bekearde. Hy wie prominint oanwêzich op it Konsylje fan Sevilla yn 619 en it Konsylje fan Toledo yn 633. By dat lêste konsylje stelde hy seminaarjes yn by alle Spaanske katedralen. Gryksk, Hebriuwsk en de frije keunsten as stúdzje stelde hy dêrby ferplicht, wylst rjochten en medisinen troch him oanmoedige waarden. Troch dizze inisjativen fan him, is foar in grut part te tankjen dat in soad klassike kennis troch de midsiuwen hinne yn Spanje behâlden bleaun is.

Ensyclopedist

bewurkje seksje

Isidoarus skreau meardere boeken, mar is benammen ferneamd wurden as earste gearstaller fan in ensyklopedy, de tweintichdielige Etymologiae. Oare skriften fan Isidoarus binne biografyske wurdboeken, synonimenwurdboeken ("De differentiis verborum", "De differentiis rerum", "Synonyma") en Kronikenen ("Chronicon"). Dêrneist ferskine teologyske, taalkundige en natuerhistoaryske wurken fan syn hân. Syn ensyklopedy wie yn de midsiuwen tige populêr en waard ûntelbere kearen kopiearre.

Beskermhillige

bewurkje seksje

Isidoarus is troch syn ensyklopedyske wurk de beskermhillige fan de katalogus, de ensyklopedy en (sûnt 2003 net offisjeel) it ynternet. Hy wurdt ôfbylde mei in inketpôt, in guozzefear en in boek. Soms draacht hy fanwege syn prediking in bijekoer by him. Tsjintwurdich wurdt hy ek ôfbylde mei in kompjûter of in Toetseboerd.

 
Sint Isidoarus en biskop Braulio fan Zaragoza.
  • Etymologiarum libri viginti
  • De natura rerum
  • Sententiarum libri tres
  • De ecclesiasticis officiis
  • Regula monachum
  • De ordine creaturarum
  • Differentiae
  • De fide catholica contra Iudaeos
  • Synonymorum
  • Chronica maiora
  • Historia de regibus Gothorum, Vandalorum et Suevorum
  • Questiones in vetus testamentum
  • De ortu et obitu patrum

Keppeling om utens

bewurkje seksje