Content deleted Content added
L bytsje neutraler
added italics to titles (wiki manual of style)
Rigel 1:
'''''Fers2''''' is in online literêr tydskrift dat belutsen is by de hjoeddeiske literatuer, kontekstualisearre mei it gruttere kulturele ramt.
 
It tydskrift is ein 2014 oprjochte troch [[Abe de Vries]] en Friduwih Riemersma yn it Amsterdamske teaterkafee-restaurant De Smoeshaan, dat syn namme krige fan it toanielstik fan de Romeinske skriuwer [[:en:Plautus|Plautus]]. De opfiering fan it stik waard yn 1968 troch de boargemaster fan Haarlim ferbean as 'zedenkwetsend' en sûnt is de namme assosjearre mei kontroversjeel en klandestyn. De namme ''Fers2'' ferwiist nei it eardere literêre tydskrift [[Farsk|''Farsk'']], ek oprjochte en laat troch De Vries en ek yn de Amsterdamske krite foarmjûn. ''Farsk'' gie yn 2009 op yn literêr tydskrift [[Ensafh|''Ensafh'']].
 
''Fers2'' propagearret in fisy op literatuer as keunst, dat net as taalbefoarderingsmiddel, noch as polityk bewegersynstrumint. It tydskrift wol in debat oer de wichtichste Fryske aktualiteiten ûntlokje en biedt in farsk perspektyf op de Fryske kulturele minderheidssituaasje yn de hjoeddeiske minderhedebeskermingspolityk fan de Europeeske Uny biede. Karakteristiken fan ''Fers2'' binne, yn neifolging fan ''Farsk'', in diskursive beneiering fan literêre krityk en anty-opiniëardheid.
 
''Fers2'' is ûnôfhinklik, fergees, ûntfangt gjin oerheidssubsydzje, hat in webmanagement dat hielendal yn hannen fan de redaksje is en brûkt prinsipieel de [[Steatestavering]] fan 1980 en net de Bewegersstavering fan 2015.
 
== Keppeling om utens ==