Martinytsjerke (Easterein): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q11716253
eat oer klokken en oargel
Rigel 2:
De '''Martinytsjerke''' of '''Martinustsjerke''' fan [[Easterein]] is neamd nei de hillige [[Martinus fan Tours|Sint-Martinus]] of Sint Merten. In soad aadlike famyljes as Bonnema, Eysinga, Rispens, Tsjaarda, Mylema, de Gavere, Bonga, Donia, Heeringa hawwe har stimpel drukt op it sosjale libben tusken 1500 en 1900. Op de kreake is in soad fan de ferhâlding tusken adel en geastlikheid ôf te lêzen.
 
Ien fan de âldste polders oan de eardere [[Middelsee]] wie it "Eilân fan Easterein ". Op it eastlike gedielte kaam in tsjerkje mei it koargedielte nei Jeruzalim troch it opheegjen met klaaigrûn. Ein 11e-ieu iuw waard by dit tsjerkje in [[stins]] boud. Yn de 12e of 13e ieuiuw is de hjoeddeiske tsjerke mei toer boud. De parochy Easterein is boud mei help fan in tal omlizzende kleasters, benammen dy fan de haadtsjerke yn Boalsert. Letter waard de Eastereinder tsjerke sels haadtsjerke. Nei de Reformaasje bleau de tsjerke yntakt al hawwe der sûnttiids meardere restauraasjes west Mids 19e ieu is de tsjerke ynrjochte as herfoarme steatstsjerke.
 
Yn de toer hingje twa liedklokken, ien fan [[Steven Butendiic]] út 1468 en ien fan [[Jacob Noteman]] út 1645. It ynterieur hat in 19e iuwske wytferve [[preekstoel]] en fjouwer 17e iuwske [[hearebank]]en. It oargel is fan 1870 en is makke troch oargelbouwer [[Willem Hardorff]].
 
De skiednis fan de tsjerke is yn boekfoarm (480 s.) ferskynt en yn de tsjerke te besetten.
 
== Galery ==