Broersmastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red.
[[]]
Rigel 1:
'''Broersmastate''' wie in [[state]] yn [[Westergeast]]. It ûntstean is ûnbekend
Yn 1885 kin notaris [[Arnoldus Johannes Andreae|mr. Andreae]] al net mear oanwize wêr't dizze state stien hat. Dochs soe der in state stien hawwe moatte as ûnderkommen fan mr. Tjepcke Hessels dy't earst substitút-[[grytman]] en letter sekretaris fan [[Kollumerlân]] wie. Tige lukrative funksjes dy't foar in soad jild kocht wurde moasten en dy't gewoan raasden om in represintatyf ûnderkommen. Syn soan mr. Hessel Tjepckes wie in eigenerfd man fan oansjen dy't troude mei Wijcke Broersma, wierskynlik in dochter fan Gatze Broersma te [[Kollum]]. Op 10 novimber 1581 stoar de ''Eersame ende geleerde Hessel Tjepckesz.'' en waard yn de tsjerke fan Westergeast begroeven. Syn frou oerlibbe him 30 jier en stoar yn desimber 1611.
 
De soan fan Hessel en Wijcke, Gadie/Gatze neamd, waard berne yn [[1581]], itselde jier dat syn heit ferstoar. Hy naam de famyljenamme fan syn mem oan en boaske letter mei Jetscke Bauckesdr..