Esonstêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
oerstallich
Rigel 1:
'''Esonstêd''' soe in grutte hannelsstêd west hawwe, mei it kastiel Camminghaburch. Dy soe neffens de ferhalen op in hichte yn de [[Lauwerssee]] lein hawwe en ferdwûn wêze by it ûntstean fan de see nei de stoarmfloed fan [[1230]]. Bûten [[Andreas Cornelius]] syn ''Chronicke en waarachtige beschrijvinghe van Vrieslant'' komt Esonstêd net ien kear yn in oare iere boarne foar. Yn de [[20e iuw]] is dêrom twifel kaam oan it bestean fan Esonstêd. Guon ferwiisden it sels nei it lân fan de fabeltsjes.
 
De [[argeolooch]] [[Johan Christiaan Assien Bohmers|Asien Bohmers]], fan it [[Biologysk-Argeologysk Ynstitút]] yn Grins, hat yn [[1951]] ûndersyk dien yn de âlde mûning fan it [[Dokkumer Grutdjip]]. Hy fûn yn it [[Waad]] spoaren fan bewenning oer in lingte fan in kilometer. Neffens dat ûndersyk moat it dêr bewenne west hawwe fan de [[6e iuw|6e]] oant de [[10e iuw]]. Oare ûndersikers hâlde it de spoaren dy't er fûn hat oerbleaun binne fan sâltwinputten (sjoch [[moernearring]]). De spoaren binne net dúdlik genôch om dêrmei kieze te kinnen foar de iene of de oare teory.