Diele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 27:
 
== Skiednis ==
Diele heart ta de âldst bewenne plakken fan [[East-Fryslân]]. Yn 1994 waarden der oerbliuwsels fan in delsetting út de [[Neolitikum|jonge stientiid]] ûntdutsen. Ut de iere [[brûnstiid]] is in stiennen [[bile]] fûn. Dêrnei bleau, lykas yn grutte dielen fan East-Fryslân, it plak oant de iere midsiuwen ûnbewenne. Nei deit [[Grutte Folkeferfarren|ferhuzingen]] wie Diele ien fan de earste plakken in East-Fryslân, dêr't de lju harren wer nei wenjen setten.
 
Yn de midsiuwen lei hjir in hannelswei fan it Munsterlân nei East-Fryslân oer in hege, drûge [[Geast (sân)|geast]]. Dizze wei bleau lang de iennichste mooglikheid om fan it [[Iemslân]] nei East-Fryslân te kommen. Diele lei hjir tusken in bocht yn de Iems en in grut feangebiet.