Content deleted Content added
LNo edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:Jutland Peninsula map.PNG|right|200px|thumb|Dit stik lân wat yn [[Denemark]] en [[Dútslân]] leit, wurdt beskôge as Jutlân]]
De '''Juten''' wiene in [[Germanen|Germaanske]] stam ôfkomstich út it tsjinwurdige [[Jutlân]] yn [[Denemark]]. Tegearre mei de [[Angelen]] en [[Saksen (folk)|Saksen]] foelen hja ûnder it [[Grutte Folkeferfarren]] begjin [[5e ieuiuw]] [[Ingelân]] yn, neidat de [[Romeinen]] dêr fuort gongen wiene. Hja fêstigen harren yn [[Kent]] en op it eilân [[Wight]].
 
== Juten en Gauten ==
Neffens de saneamde "Jutske hypotese" binne de Juten itselde folk as de [[Gauten]], in [[Skandinaavje|Skandinavysk]] folk dat yn de iere [[MidsieuwenMidsiuwen]] yn sudlik [[Sweden]] libbe hat. It "Oxford English Dictionary" ydentifiseert de Sweedse Gauten (''Swedish Geats'') fia de foarmen ''Eotas'', ''Iótas'', ''Iútan'' en ''Geátas'' mei de Deenske Juten. Lykwols wurdt sowol yn it ald-Ingelske gedicht [[Widsith]] as yn it ald-Ingelske epos [[Beowulf]] yn de ''[[Finn]] passage'' (sjoch it [[Finnburg Fragmint]]) hiel oars de ''Eotenas'' skerp fan de ''Geatas'' ûnderskiden. Mooglik waarden de twa stamnammen yn'e betide-kristlike literatuer fan Ingelân troch ynoar helle, lykas dit foar de boarne oer de dea fan de Sweedske kening [[Östen]] oantoane is. Yn oare mooglikheid is dat ''Eotenas'' in oar wurd is foar "reuzen" en etymologysk oerien komt mei de Noarske [[Jotun]]s (yn stee foar de namme fan in stam).
 
Fierder is net útsletten dat de Juten genetysk besibbe wiene mei de Gauten, en sels mei de [[Goaten]], dy't fermeld wurden yn de [[Gutasaga]]. Neffens dat ferhaal berikten de bewenners fan [[Gotlân]] it festelân fan Jeropa. Ut argeologyske fynsten as by Wielbark yn Poalen docht bliken dat de Goaten der al betiid oankamen.