Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 258:
Net alle kulturele eleminten út de Feriene Steaten hawwe sukses yn oare lannen. Amerikaanske sporten lykas [[American football]], [[honkbal]] en [[basketbal]] binne yn [[Europa]] fan lyts belang. Amerikaanske tv-dûmny’s binne somtiden wol op Europeeske tv-stasjons te sjen, mar de ynfloed is navenant lyts en de argewaasje fan Europeeske kristenen is bytiden grut.
 
In faaks noch wichtiger aspekt fan de Amerikaanske kultuer is de stimulearjende omjouwing foar wittenskiplik ûndersyk en technologyske ynnovaasje. Yn de ôfrûne ieu en dan benammen nei de Twadde Wrâldkriich hawwe de Feriene Steaten in grutte bydrage levere op it wittenskiplik en technologysk mêd. Benammen de IT-sektor ûntwikkele him fan de jierren santich yn it foarste plak hast allinnich mar yn de Feriene Steaten. Noch hieltyd binne de grutste softwarebedriuwen lykas [[Microsoft]], Google Inc., IBM en Oracle Corporation, fan Amerikaanske oarsprong. De Amerikaanske driuw ta ynnovaasje oppenearret him ek yn in grut ferskaat oan [[Nobelpriis]]winners yn de [[Natuerkunde|natuer]]- en [[skiekunde]], en it binnenheljen fan wittenskiplik talint út oare dielen fan de wrâld.
 
=== Yndigene kultuer ===
De sa likernôch 350 as stammen (''tribes'') beskôge Yndianegroepen, wêrfan de leden har identifisearje as ''American Indians'' of ''Native Americans'', wenjend yn in grut part fan 'e Feriene Steaten, foarmje gjin kulturele ienheid. De 225 erkende stammen fan de ''Alaska Natives'' ferskille ek hiel bot, krekt as de Yndianegroepen op Hawaï. Faak hat dat te krijen mei it etnisiteitferskil tusken de groepen. Se ûntwikkelen harren eigen identiteiten en kulturele strukturen ek ôfhinklik fan regio. It oantal Yndianetalen wie tige heech, mar in protte binne weirekke of mei útstjerren bedrige. De grutste taal is mei sa'n 150.000 sprekkers it [[Navajo]].
 
Oan 'e kust fan de [[Stille Oseaan]] hie de fiskerij syn ynfloed op de kultuer. Yn dat gebiet binne grutte totempeallen, de grutste stiet yn Washington. Yn it binnenlân dominearren de jacht, sammeljen en rivierfiskerij. Yn de Grutte Bekken, de Plains, hiest bygelyks de bizonjacht. Troch de komst fan it hynder libben de Yndianen hieltyd mear as nomaden, sadat der sûnt de 17e iuw al sprake is fan in folksferhuzing. It easten rekke dêrtroch nei 1830 foar it grutste part ûntfolke (Trail of Tears), wêrtroch de kulturele ynfloed fan de Yndianen dêr net langer mear te merkbiten wie.
 
== Skoalsysteem ==