Jacht (aktiviteit): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Yn 'e [[prehistoarje]] die de [[minske]] oan jacht om oan iten te kommen en om 'e [[pels|pelzen]] fan 'e bejage bisten as [[klean]] te brûken. Bewiismateriaal út [[Kenia]] wiist derop dat de minske en oare [[hominiden]] dêr al twa miljoen jier oan jacht dogge. Doe't de minsklike maatskippij him wat langer wat fierder ûntjoech, begûn de hegerein fan ferskate minsklike [[kultuer]]en yn 'e [[Aldheid]] ek op jacht te gean by wize fan tiidferdriuw of bloedsport, wylst se strikt nommen gjin ferlet fan 'e deade bisten hiene om te oerlibjen.
 
Dyselde trent sette him fuort yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]]. Tsjin 'e [[Renêssânse]] stie de dracht fan 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] hegerein ûnder ynfloed fan it ferskynsel [[moade]], en waard bygelyks [[bever]]bûnt foar it meitsjen fan klean heech wurdearre. Dat late yn it nij-ûntdutsen [[kontinint]] [[Noard-Amearika]] ta de [[pelshannel]], wêrby't Jeropeeske [[keapman|keaplju]] tsjininoar opbeaën om beverpelzen fan 'e lânseigen folken te keapjen. It gefolch dêrfan wie dat de jacht op 'e [[Kanadeeske bever]] kommersjalisearre rekke.
[[File:243_WSSM_Olympic_Arms_AR15.jpg|left|thumb|220px|In [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] trofeejager.]]
 
Yn 'e iere [[tweintichste ieuiuw]] krige in diel fan 'e Westerske elite it foar de moade om nei fiere oarden (bgl. [[Afrika]]) ôf te reizgjen mei de bedoeling om op grut wyld te jeien, poer foar de [[jachttrofee|trofeeën]]. Soksoarte jachtpartijen stiene oan 'e widze fan 'e moderne [[safary]]. Tsjintwurdich dogge de measte minsken net mear oan jacht, en, sterker noch, is der yn 'e measte Westerske maatskippijen sels in wjeraksel tsjin jacht ûntstien, dy't him yn [[Nederlân]] [[polityk]] uteret yn 'e oanwêzigens fan 'e [[Partij foar de Dieren]] yn 'e [[Twadde Keamer]].
 
Yn Nederlân wurdt no eins inkeld noch jage om troch wylde bisten oanrjochte skea of feroarsake oerlêst tsjin te gean of by wize fan natoerbehearkingsmaatregel, dus om troch it ôfsjitten fan eksimplaren fan beskate bistesoarten it natuerlik lykwicht te reparearjen. Sels dat stiet ta diskusje, mei't it ôfsjitten fan bygelyks ferwyldere [[kat]]ten neat oplost, om't de frijkommen [[nys (biology)|nys]] daliks wer troch in oare kat ynnommen wurdt.
Rigel 17:
 
==Jachtseizoen==
Fan âlds bestie der foar alle proaidieren yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] al in seizoen wêryn't se bejage wurde mochten (en dêrbûten net). Dit wie om oerbejaging (mei as resultaat it mooglike útstjerren fan 'e bejage bistesoarte) tsjin te gean. Dy jachtseizoenen wiene sa:<ref>Cummins, John, ''The Hound and the Hawk: The Art of Medieval Hunting'', Londen, 1988 (Weidenfeld & Nicolson), ISBN 1 84 21 20 972.</ref>
* [[brune bear]]: maaie – desimber
* [[das]]: [[Peaske]] – [[Midsimmer]]