Joop Alberda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
update
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Jogchum Theo (Joop) Alberda''' ([[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]], [[25 oktober]] [[1951]]) is in [[Fryslân|Frysk]] sportbestjoerder, dy’t namme makke as [[follybal]]coach.
 
Yn de tiid fan syn stúdzje oan de Akadeemje foar Lichaamlike Opfieding (ALO) beoefene er als aktive sporter efterienfolgens [[fuotbal]], [[turnjen]] en [[follybal]]. Yn dy lêste sport helle er by de Grinzer feriening [[Lycurgus]] earedivyzjeearedifyzje-nivo.
 
Hy murk dat er gefoel hie foar it trenings- en coaching-aspekt fan sport yn it algemien en follybal yn it bysûnder. Hy liet him dêrby ynspirearje troch de Amerikaan [[Doug Beal]], dy’t er yn [[1985]] moete. Beal wûn mei syn follybalteam it jier dêrfoar [[Olympyske spullen|Olympysk goud]] yn [[Los Angeles]]. Syn strategyske oanpak spruts Joop tige oan: Alles ta op de boaiem útstippelje, neat oan it tafal oerlitte.