Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
De Afûk docht ek oan stimulearringsregelingen foar begjinnende Fryske skriuwers. Yn 2004 hat de Afûk yn gearwurking mei it ynternettydskrift [[Doar]] de [[Junior Rely]] ynsteld, in skriuwerspriis foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis.
 
Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt [[Tomke lêsbefoardering|Tomke]] oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei [[Omrop Fryslân]] oan de tillevyzjetaalkwistillefyzjetaalkwis [[Tûkelteammen]]. Yn [[2004]] hat de Afûk it projekt [[Frysk Erfskip]] tawiisd krigen.
 
Yn [[2006]] is úteinset mei it stal jaan fan it projekt [[Edufrysk]], Frysk leare fia ynternet. Yn [[2007]] is dêrfoar in pilot opset. Yn 2008 binne se úteinset mei it projekt. De earste berjochten binne hiel positief, minsken fine it aardich en dogge graach mei.