Polygoonsjoernaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
Nei de oarloch kaam dat Polygoon op krityk te stean. Dêrnei begûn lykwols gloarjetiid fan it Polygoon-sjoernaal yn de bioskoop. Leafst 400 bioskopen brochten alle wiken it ''Neêrlands Nieuws'' en it ''Wereldnieuws''. Fan 1946 ôf wie redakteur [[Philip Bloemendal]] (1918-1999) as kommintator by it Polygoon-sjoernaal belutsen en dat soe er 40 jier lang bliuwe. Syn stimlûd hat in ûnferjitlik stimpel op it Polygoon-sjoernaal set.
 
Doe't de [[televyzjetelefyzje]] yn Nederlân opgong makke yn de jierren 50 waarden de Polygoon-sjoernaals in wolkomme boarne foar [[dokumintêre]]makkers. Der wie in Polygoonargyf ûntstien mei bylden dy't foar allerhanne produksjes brûkt wurde koene, in saneamd ''stock shot''-argyf. Fia útwikselingskontrakten mei útlânske bioskoopsjoernaals koe boppedat in geunstich byld fan Nederlân ferspraat wurde. In protte eleminten fan de [[Ferpyldering|ferpyldere]] mienskip en oare hulten en bulten bleaune bûten de útstjoerings. Utsein by taspraken, waarden natuerlike lûden faak yn de studio neidien.
 
It sjoernaal brocht bysûndere bylden, lykas de besite fan [[The Beatles]] oan Amsterdam en it tichtsjen fan it lêste gat fan de [[Ofslútdyk]], it [[bombardemint op Rotterdam]] en in soad filmbylden fan it [[Nederlânsk keningshûs]].
Rigel 17:
Dat it publyk belang fan Polygoon wie in feit. Doe't it der yn [[1963]] op like dat it Polygoon-sjoernaal ophâlde moast fanwege jildkrapte en in oerheid dy't net stypje woe, waard it publyk lilk en de filmwrâld noaske it ek net. Dat hie súkses en de oerheid gie om: middels subsydzjes waard it sjoernaal oant [[1984]] yn stân holden.
 
It Polygoon-sjoernaal bestie oant 1987. Doe wie it bioskoopsjoernaal foarfêst ynhelle troch de deistige televyzjesjoernaalstelefyzjesjoernaals. It argyf waard yn 1984 foar fjouwer miljoen gûne oernaam troch de [[Nederlandse Omroep Stichting]], letter it [[Nederlands Omroepproduktie Bedrijf|NOB]] en wurdt no beheard troch it [[Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid]] yn Hilfertsom. Yn it ramt fan it ''Open Beelden-project'', jout it ynstitút geregeldwei Polygoon-sjoernaals ta foldwaan fan [[Wikimedia Commons]].
 
== Foarbylden fan Polygoonsjoernaals ==