Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
As de grûn foar mear as 25% bestiet út lutumpartsjes kin der sprutsen wurde fan klaai. By 25% oant 35% lutum is it lichte klaai, by 35% oant 50% is it matich swiere klaai en by mear as 50% wurdt sprutsen fan swiere klaai.
 
Klaai bestiet út [[klaaimineraal|klaaimineralen]], wêrfan in soad ferskate soarten besteane. Klaaigrûnen litte, yn fergelyk mei [[sân]], mar min [[wetter]] troch. Yn droegedrûge tiden hâlde se in soad wetter lang fêst, mar yn wiete tiden komme in soart gewaaksen om omdat se fersûpe. Ek hawwe klaaigrûnen minder lêst fan útspieling as sângrûnen. Hjirtroch hâlde se better fiedselstoffen foar planten fêst en binne se oer it algemiene fiedselryk. Besikingen om yn it ramt fan natoerbehear klaaigrûnen te ferskraaljen binne net slagge.
 
Klaai komt yn [[Nederlân]] benammen foar yn de kuststreken ([[seeklaai]]) en by de [[rivier]]en del ([[rivierklaai]]) en mear it lân yn op hegere parten komme beekklaai en liem foar. Klaaigrûnen dy’t ûntwettere wurde, komme leger te lizzen, trochdat it wetter dat soarge foar mear romte tusken de klaaipartsjes ferdwûn binne en de klaaipartsjes tichter op elkoar komme te lizzen. Dit ferskynsel wurdt ynklinken neamd. [[Ynklinking]] is ien fan de oarsaken fan boaiemsakjen.
Rigel 24:
Guon klaaisoarten, bygelyks potklaai en beekklaai, wurde brûkt foar [[ierdewurk]], [[keramyk]], bakstien, of om mei te boetsearjen. Yn de dikebou en oare sivyltechnyske konstruksjes wurde klaai en balstienliem brûkt.
 
Klaai dy’t in beskate mannichte wetter hat, kin knipt wurde yn eltse foarm. Lit min de klaai hjirnei opdroegjeopdrûgje, dan wurdt de klaai hurd. Troch de wetteropname kin de klaai lykwols noch sêfter wurde. As klaai lykwols bakt wurdt yn in ûne fan 900 [[graden Celsius]], wurdt it hurd trochdat de klaaipartsjes oan elkoar [[sintearje]]. Dit in proses dat net werom te draaien is: de bakte klaai wurdt net mear sêft, ek net as der wer wetter by dien wurdt.
 
Troch oare materialen oan klaai ta te foege, kin min spesjale eigenskippen krije, bygelyks papierklaai of flaaksklaai.