Taoïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
* It wurd '''[[Tao (filosofy)|Tao]]''' (道) betsjut 'de Wei' en foarmet it kearnbegryp fan it taoïsme, dêr't it ek syn namme oan ûnlient. Tao is it ûndielbere en ûnbeskriuwbere prinsipe, wêrút alles fuortfloeit. De facto soe it beskreaun wurde kinne as de ''Rivier'', de ''Stream''.
* '''Tai Ji (of Tai Chi)''' (太極 / 太极) betsjut 'it heechste uterste' en is it ûneinige en fûnemintele prinsipe fan evolúsje en sels-organisaasje. It is de ienheid fan Yin en Yang (☯) en dêrmei it heule bestean.
* [[Yin en yang|'''Yin''']] (阴) en [[Yin en yang|'''Yang''']] (阳) binne de universele antagonisten, elkoar oanfoljende kwaliteiten fan it bestean. Sa kinne kjeld (Yin) en waarmte (Yang) net sûnder elkoar bestean. Oare foarbylden fan Yin-Yang zijn wetter-fjoer, moanne-sinne, ierde-sinne, moanne-ierde en frou-man. Wat opfalt is dat ierde yn relaasje ta de moanne yang is (en de moanne yin) mar yn betrekking ta de sinne yin (en de sinne yang). Yin-yang binne dus relative of betreklike begripen en it is dus net sa dat eat yin is of yang is yn absolute sin, de begripen steane altiten yn in betrekking. Wat donker, fochtich, passyf, troebel, kâld, sêft en froulik is, wurdt beskôge as Yin en wat ljocht, droechdrûch, aktyf, helder, waarm, hurd en manlik is, as Yang.
* '''[[Wu Xing]]''' (五行) is it harmoanyske systeem fan de fiif eleminten: wetter, fjoer, ierde, metaal, hout. It systeem hat in fiedende (fuortbringende) syklus (Sheng): hout → fjoer → aarde → metaal → wetter → hout; en in kontrole syklus (Ke): hout → ierde → wetter → fjoer → metaal → hout. De twa cycli foarje tegearre in [[pentagoan]] mei in fiifpuntige stjer deryn. Se wurde ek faak tegearre ôfbylde as sirkel mei in fiifpuntige stjer. De sirkel is de Sjeng-syklus, de stjer jout de Ke-syklus wer.
* '''[[Wu wei]]''' (无为) is it neat dwaan of loslitte. In taoïst besiket him net te fersetten tsjin de loop fan de dingen, mar der spontaan mar wol bewust yn mei te gean.