Pavia (stêd): ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (opmaak oars)
No edit summary
'''Pavia''' is in stêd yn de [[Italië|Italjaanske]] [[Italjaanske Regio’s|regio]] [[Lombardije]]. It is de haadstêd fan de provinsje [[Pavia (provinsje)|Pavia]]. Pavia leit yn de [[Poflakte]], 25 kilometer besuden [[Milaan (stêd)|Milaan]]. De rivier [[Ticino (rivier)|Ticino]] streamt troch de stêd, in stikmannich kilometers foardat er in de [[Po (rivier)|Po]] útmûnet.
 
Yn de tiid fan it [[Romeinske Ryk]] hjitte de stêd, lykas als de rivier ''Ticinum''. Doe't nei de delfal fan dat ryk ferskate Germaanske folken de kontreien ynfoelen waard de stêd fan strategysk belang. Under de namme ''Papia'' wie Pavia fan de [[7e ieuiuw]] ôf oan de haadstêd fan de [[Longobarden]]. De stêd krige yn de [[14e ieuiuw]] in [[Universiteit fan Pavia|universiteit]]. Yn dy perioade waard de [[katedraal|dom]] ek boud.
 
Hjoeddedei is Pavia ien fan de yndustriële sintrums op de Poflakte, spesjalisearre yn ûnder mear fiedingsmiddelen, gemy en tekstyl. Yn de ''Enoteco regionale'' is in permaninte útstalling fan winen út Lombardije ynrjochte. Acht kilometer fan de stêd ôf leit it ''Certosa di Pavia'', in bekend [[kartuzers|kartuzerkleaster]] mei in protte let-romaanske en [[gotyk|goatyske]] keunstúterings.
17.653

bewurkings