Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
De namme Bûns komt fan de efternamme fan de bewenners: Bonne. Letter binne hjir de nammen [[Bottinga]] en [[Bonninga]] fan ôflaat. De lêste beide geslachten wennen ek yn Bûns.
 
De buorskip bestie al yn de [[9e ieuiuw]] en lei op in [[terp]]. It doarp hie gjin tsjerke, mar wol in eigen [[Tsjerkhôf|hôf]] mei fjouwer grêven. Yn de buorskip stie stinswier [[Bûnzerwier]] en in tal pleatsen. De buorskip skonk yn de [[10e ieuiuw]] guod oan it Dútske [[kleaster Fulda]]. Yn de geskriften fan it kleaster wurdt Bûns lykwols as ''Bottinge'' oantsjut. It plakje komt yn [[1447]] yn it nijs nei in wapene konflikt tusken [[Bocka Harinxma]] en ''Hessel op deen Heemdyck''. Hjirby foelen deaden en ferwûnen. Harinxma naam de [[stins]] fan Hessel yn en hâlde dêrby inkele oaren finzen.
 
It plakje wie oant yn de [[15e ieuiuw|fyftjinde ieuiuw]] bewenne.
 
Om [[1990]] is argeologysk ûndersyk dien op it plak fan Bûns. Dêrnei is de hichte dêr't Bûns op lei sljochte foar de oanlis fan [[Yndustrieterrein De Himmen]]. Fan it doarp is no neat mear te sjen, útsein in depresje yn de ûndergrûn. Allinnich fan de Bûnzerleane is noch in stikje oer. It oarepart is ferdwûn ûnder de nijbou fan de [[Zadelmakerstrjitte]].