Cornwall: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
Cornwall hat in rûch en faak noch ûnoantaaste lânskip, wêrfan [[Bodmin Moor]] in wichtich diel útmakket. It hat in [[seeklimaat]] mei relatyf sêfte winters. Meidat it der selden of nea friest binne in soad (ymportearre) [[Subtropysk klimaat|subtropyske planten]] as [[palmenfamylje|palmen]] en keamerplanten der ynboargere. Troch de frij grutte reinfal groeit [[feanmoas]] der tige wilich wat dan ek te merkbiten is oan de soad [[moeras]]sen dy't der binne. It toerisme is de grutste boarne fan ynkomsten, neist [[fiskerij]], [[lânbou]] en [[blommetylt]]. De yndustry hat him konsintrearre yn de kuststêden [[Falmouth (Cornwall)|Falmouth]], [[Fowey]] en [[Penzance]]. Cornwall is ek in gaadlik plak foar it opnimmen fan films wêrûnder [[Wycliffe]], in Ingelske plysjerige dy't begun is yn 1994 en dêr't 28 ôfleverings fan makke waarden.
 
It meast westlike punt hjit ''[[Land's End]]'' (''Penn an Wlas'') en is in belangrike toeristyske trekpleister, krektas [[St Michael's Mount]]. Ek hat it greefskip in grut oantal prehistoaryske oerbliuwsels wêrûnder tige âlde tinminen dy't út de [[brûnstiid]] stamje. Yn de 18e en 19e ieuiuw wie Cornwall ferantwurdlik foar 40% fan de wrâldproduksje fan [[tin (elemint)|tin]]. In kastielruïne tichtby [[Tintagel]] wurdt troch de Cornish (ynwenners fan Cornwall) besôge as it plak dêr't King Arthur berne is (sjoch de [[Kening Arthur|King Arthur]]-leginde). In bekende attraksje is ek [[Eden Project]], in botanyske tún mei twa kassekompleksen dy't foarme wurde troch meardere [[geodetyske koepel]]s. Dizze botanyske tún leit yn Bodelva, 5 km bûten [[St Austell]].
 
Yn Cornwall waard it [[Kornysk]] sprutsen; der wurdt besocht om dizze útstoarne tal nij libben yn te blazen, sa is der bygelyks in Wikipedia yn it "Kernewek" en in [[regionalisme (polityk)|regionalistyske]] [[politike partij]] [[Mebyon Kernow]], dy't lid is fan de [[Europeeske Frije Alliânsje]].