Soen fan Grins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De '''Frede fan Grins''', sletten op [[1 febrewaris]] [[1422]], wie in fredesferdrach dêr't it skeel tusken de [[Skieringers]], dy't op dat stuit stipe waarden troch de greve fan Hollân, [[Jan fan Beieren]], en de [[Fetkeapers]], stipe troch [[Okko II tom Brok]] en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]], tydlik by besljochte waard.
 
De greven fan Hollân meitsje al ieuwenlangiuwenlang oanspraak op de hearlikheid oer [[Fryslân]]. Fryslân soe harren yn lien jûn wêze troch de [[Hillige Roomske Ryk|Dútske keizer]]. Dêrby ferstiene hja ûnder Fryslân net allinne de hjoeddeistige provinsje Fryslân, mar teminsten ek de [[Ommelannen]] by [[Grinslân]].
 
Oan de ein fan de [[14e ieuiuw]] ûntwikkelen harren ek in Fryslân saneamde ''partijrûzjes''. Beide partijen, yn Fryslân en Grinslân bekend as Skieringers en Fetkeapers, kenne mar amper in fêste gearstalling, stipe waard maklik ferliend, mar krekt sa maklik ek wer ynlutsen. Wat de oanlieding foar de oplôgjende striid presys west hat, is dreech te efterheljen.
 
Yn de ûnrêst dy't dêrfan it gefolch wie seach [[Albrecht fan Beieren]] in goede mooglikheid om syn rjochten yn Fryslân te effektuearjen. Tagelyk ûntstie yn [[East-Fryslân]] de kern fan lânseigen [[haadling|greefskip]] mei de opkomst fan it geslacht ''[[Tom Brok|To Broke]]''. Ek dy seagen mooglikheden yn de ûnrêst. It gefolch wie dat Fryslân en Grinslân it striidtoaniel waarden fan felle rûzjes tusken hieltyd wikseljende koalysjes. Ta in dúdlike oerwinning fan ien fan de beide partijen kaam it lykwols net.