Jakob Ammann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
 
== De lear fan Ammann ==
Ammann wie it net iens mei de lear fan de menisten yn it 17e ieuskeiuwske Switserlân. Yn 1693 gong hy yn it Switserske [[Emmental]] by ferskate doperske mienskippen del. Dêr fertelde hy de menisten dat se twa kear yn 't jier [[kommuny]] dwaan moasten ynstee fan ien kear. Hy wie ek fan betinken dat kristenen elkoars fuotten waskje moasten by de kommuny, as teken fan hearrigens oan Kristus. Ammann woe de suvere lear en spirituele dissipline werom hawwe. It trimmen fan it burd waard troch him ferbean en ek it dragen fan nijmoadrige klean mocht net. Ammann woe gjin kontakt tusken [[Ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] mienskipsleden (dy't bûten de tsjerke set binne) en oare leden.
 
De suggestjes fan Ammann laten ta in skieding tusken syn folgers en oare menisten yn de Elzas en Switserlân. De folgers fan Ammann wurde [[Amish]] neamd.