Syordemastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Syordemastate''', oare namen '''Sjordemastins, Sjursmastins, Sjoordastins, Sjordastate, Sjoerdamastate, Sjoerdastate, Sjurdema-guet''', stie bewesten [[Kollum]], gemeente [[Kollumerlân]], eat súdwestlik fan [[Bootsmastate]]. Fan de [[stins]]/[[state]] is neat werom te finen.
[[Ofbyld:Kollum Syordemastate fiver wetter sa.1960 Tresoar.jpg|thumb|right|''Wytwetter'']]
Bestie al yn de [[15e ieuiuw]], mar is mooglik al earder ûntstien. Sjoorda of Syordema te Kollum is in foarbyld fan in stins dy 't al ier ôfbrutsen waard.* De namme komt lykwols oerien mei dy fan in yn manlike line útstoarn laach dat yn froulike line trochlibbe yn de lettere besitters. Ek yn oare doarpen wiene sokke stinzen. **
 
Yn de 15e ieuiuw komme yn Kollum meardere Sjoerda's foar. Lykas Taekie Sjursma dy't yn 1477 yn de tsjerke begroeven waard, Sybe Sjurda, meirjochter yn [[1482]], en Tjepcke Sjoerda. Syn goederen waarden yn 1517 ferbeurd ferklearre en oan de fjildhear Lubbert Turck jûn. Dat Tjepcke de stins bewenne docht bliken út genealogyske hânskriften dêr't yn fernijd wurdt dat Jens fan Siorda of Sjordema fan Collum, de dogter fan Tjepke Sjiorda op Sjordamastins oan de Buren mei Feyo fan Goslinga troude. Se waarden yn 1501 en 1546 yn Driezum begroeven, dêr't se op Jarichsma wenne hienen.***<br>
Tjepcke hie blykber gjin manlike ôfkomlingen, want de state waard eigendom fan Tjepcke fan Goslinga, soan fan boppeneamd echtpear. Hy wie troud mei Anna fan Liauckama.
Yn 1543 levere Siurdema guet jierliks in ton nôt oan de prebende fan Sint-Anne; yn 1550 hienen de Bootsma's lân yn Syordema landt. De stins waard yn 1630 noch neamd, mar waard doe net mear troch de eigener bwenne. Troch Schotanus waard it hûs yn [[1664]] noch wol as "edele state" oanjûn. De s(t)ate fererve fan de Goslinga’s earst op de familys Liauckama, Aebinga, Bronckhorst, Burmania, Asbeck en Camstra.