Oera Linda Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 3:
 
== Publikaasje ==
It bestean fan it Oera Linda Boek waard likernôch 1870 publyk, doe't [[Eelco Verwijs]], argivaris en bibletekaris by de provinsje Fryslân, oan it [[Frysk Genoatskip]] berjocht die dat er kontakt hân hie mei [[Cornelis over de Linden]], skipsboumaster by de marine yn [[De Helder]]. Dy soe in tige âld hânskrift hawwe dat al ieuweniuwen yn de famylje wie, mar dat er nei sizzen net lêze koe.
 
It genoatskip wie skeptysk, mar ien fan de leden, [[Jan Ottema]] , skreau yn [[1871]] dat er, no't er it hânskrift sels sjoen hie, oertsjûge wie fan de echtens. Hy publisearre yn [[1872]] in hast folsleine printinge fan it manuskript, tegearre mei syn oersetting derfan, ûnder de titel ''Thet Oera Linda Bok - naar een handschrift uit de derde eeuw, eigendom der familie Over de Linden, aan Den Helder'' (''It Oer de Linden boek - nei in hânskrift út de tredde ieuiuw, eigendom fan de famylje Over de Linden, oan De Helder''). Letter, yn [[1941]], kaam der in twadde oersetting út, fan [[Jacques Overwijn]]: ''Thät wra Linda bok''.
 
== Diskusje ==
Mei de publikaasje begûn ek de diskusje oer it hânskrift. Yn it begjin waard it troch in protte minsken
foar echt oannaam. Dit moat sjoen wurde yn it ljocht fan it sterke Fryske nasjonalisme fan dy tiid - it boek neamt de Friezen as ien fan earste trije folken op 'e wrâld, en beskriuwt harren as fan dy trije folken it ferljochtste. Undersyk fan histoarisy joech lykwols al gau oanwizings dat it boek in 19-de ieuskiuwsk wurk wie. Sa wie it papier bygelyks net wier út de 13e ieuiuw, mar earder út de 19e ieuiuw, en wie it sabeare Aldfrysk net echt âld, en ek net echt Frysk.
 
== De makkers ==