Peazens (plak): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 17:
 
== Skiednis ==
Dat Peazens gjin [[terp]] hat wiist op ûntstean yn as nei de [[11e ieuiuw]]. Peazens hat syn namme krige fan de âlde seeslinke [[de Peazens]]. ''Paezens'' is ôflaat fan ''pagingi'': 'modder, ierde of slyk'. Der wie in [[syl]] yn de Peazens. Troch in oanslibjen is dy syl om [[1449]] hinne ôfdamme <ref>Rienks en Walther, 84</ref>. Foar de gemeentlike weryndieling wie de Peazens ek de grins tusken de gritenijen, letter gemeenten, [[East-Dongeradiel]] en [[West-Dongeradiel]]. Neffens it [[Register van de Aanbreng|Register fan 'e Oanbring]] hie de tsjerke fan Peazens yn [[1511]] in pastoar en in fikaris, wat op in beskate wolstân tsjut <ref>Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. ''Paesens''. Steatsútjouwerij, De Haach 1983</ref> .
 
===De fiskerij===
Fanâlds wie Peazens in fiskersdoarp, wat lei oan de Peazens en wat de slinke dêrfan brûkte foar de fiskersboaten. Om't dy slinke yn de 17e ieuiuw fersâne, mei troch de oanlis fan de [[Eanjumer - en Ljussenserpolder]] yn [[1592]], moasten de fiskers út it doarp doe opskowe nei in westliker plak om de fisk oan wal krije te kinnen. Sa ûntstie it doarp Moddergat.
 
De fiskerij smiet net folle op. De "Tegenwoordige Staat van Friesland" (18e ieuiuw) sprekt fan in earm fiskersdoarp. De skippen leinen yn 'e winter, om't der yn Peazens net oan te lizzen wie, yn [[Iezumasyl]]. De fisk dy't net oan de opkeapers ferkocht waard, sutelen de froulju oer de Peazens, en letter ek wol mei karren, oant yn [[Dokkum]] ta út. It measte waard útsutele mei it jok. De froulju gienen dan mei twa kuorren by de huzen lâns. Ek wienen guon fiskers binnenfiskers.
 
Yn [[1812]] wienen der 18 fiskerskippen fan 30 ton mei 5 bemanningsleden. Om 1850 waarden de skippen grutter.
Rigel 34:
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Dongeradiel Paezens Tsjerke.JPG|left|250px|thumb|''De herfoarme tsjerke fan Peazens'']]
De tsjerke wie tawijd oan [[Sint Antonius]]. De [[Romaanske arsjitektuer|let-romaanske]] tsjerke moat boud wêze yn it begjin fan de 13de ieuiuw. De sealtektoer waard yn [[1792]] sloopt. De kaam in houten spitske foar yn 't plak.
 
Yn de tsjerke stiet in oargel [[1758]] fan de oargelbouwer [[Johann Theodor Gilman|J.T. Gilman]]. It oargel is yn 1908 oerbrocht út de Laurentiustsjerke fan Haarlim <ref>Historische kerken in Friesland http://www.historischekerken.nl/friesland/Paesens.html</ref>.