Sint Vitus fan Aldehou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
Foar de tsjerkeskiednis fan [[Ljouwerteradiel]] is de '''St. Vitus fan Aldehou''' tige wichtich west. De St. Vitus fan Aldehou is stifte troch de Benediktiner ryksabdij fan Corvey. Dizze ryksabdij wie yn 822 stifte troch Karel de Grutte. Karel de Grutte en syn opfolgers hienen der in polityk belang by dat der tsjerken stifte waarden. In protte Fryske grûn wie der yn hannen kommen fan kleasters bûten Fryslân. Ek de abdij fan Corvey hie yn Fryslân besit. Neist de biskop fan Utert stiften ek dizze kleasters tsjerken. Corvey hie besit yn it doetiidske doarp Aldehou. Corvey die ek mei oan de polityk fan har stifter. Yn de lêste helte fan de njoggende ieuiuw moat de St. Vitustsjerke der kommen wêze. De tsjerke krige syn namme fan de patroanhillige fan it kleaster. Hoe’t dizze earste tsjerke der útsjoen hat, is net mear nei te gean.
 
==De parochjegrinzen==