Mês: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
leppels binne net jong
Rigel 2:
In '''mes''' is in skerp stik [[ark]] om mei te snijen. De meast normale foarm is in rjocht [[limmet]] mei ien skerpe side en in hantfet (heft). Yn de skiednis fan de minsk spilet it mes in grutte rol. Hy wie dêrmei by steat him tsjin gruttere rôfdieren te beskermjen en der waarden in soad bewurkings fan hûden, bistekarkassen en houten foarwerpen mooglik. Hoewol't de messen destiids fan stien wiene en eigentlik net mear as splinters mei in skerpe râne, is it prinsipe altyd itselde bleaun: in kegge dy't in objekt yn twaen spjalt. Messen kinne ek ynboud wêze as draaiende skiven lykas yn blenders.
 
It mes hat yn it folkslibben fan Fryslân in rol spile. Leppels en foarkenFoarken binne frij jong, mar eltsenien brûkte it mes (Byby [[Gysbert Japiks]] 'hogge') by it iten (leppels).
 
As men it mes by immen op tafel lei, brûkte men dêr it middeisiten. By gastmielen en begraffenissen naam eltsenien syn eigen mes mei. Yn earder tiden ha der in soad meslûkerijen (''bekkesnije'') west. In mes yn de balke stekke wie in útdaging. Gelokkich as men dan 'it oare mes yn de skie hâlde', dat wol sizze as de partijen like sterk wiene. Oan de fersiering fan mesheften en skieën is in soad soarch bestege. In sulveren 'hecht' wie bygelyks in [[keatsen|keatspriis]]. Benammen yn [[De Wâlden]] stiene de manlju gau 'mei it mes dwers yn'e bek'.