Gonny Gaakeer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
 
== Biografy ==
As ienich bern fan twa skieden âlden gie se nei in bernedeiferbliuw en legere skoalle yn it sintrum fan Ljouwert. Krige op de Ljouwerter Sint Anthonyskoalle de rol fan prinses Stella. Har mem wie in Siuw en har heit in Fries. By har beppe yn [[Langsweagen]] learde hja [[Frysk]], al wie dat mei in aksint út de Wâlden. Se krige letter ek boeken oarikt fan har goede freon Michael[[Michaël Zeeman]] en lies poezij fan [[Douwe Tamminga]], [[Albertina Soepboer]] en [[Tsjêbbe Hettinga]]. Sadwaande kaam se ek yn Fryske films. <br>
Folge de balletoplieding fan Tessa Wijdeveld. Letter ferhuze se mei har mem nei [[Frjentsjer]].
Nei de hafû yn Frjentsjer siet se in jier op de dûnsakademy yn [[Arnhim]] dêr't se in oplieding ta dûnsdosint folge. Dêrnei folge in ienjierrige oplieding ta Teater Foarmingsklasse yn Amsterdam. Yn 1992 begjint se oan de Toanielakademy yn [[Maastricht]] (1992-1996).<br>
Yn har lêste jier makke se har debút op it wite doek yn de film Seemearman. [[Ellen ten Damme]] hie rekkene op dy rol, mar produsint [[Rob Houwer]] keas foar Gaakeer.
 
== Toaniel ==
Gaakeer spilet geregeldwei yn toanielfoarstellings. By [[Tryater]] spile se bygelyks yn ''Trije Susters, Drie Zusters'' fan [[Anton Tsjechow|Tsjechov]]. Yn 2009 en 2010 spile se yn ''Zeeuwse Vrouwen'' fan Productiehuis Zeelandia dêr't se de rol fan lânarbeidster Marie út 1914 spile. Se bewurke it boek fan Kees Slager ta dit teaterstik. Foar 2012 skreau se mei Julia de Graaff in nij konsept foar in toanielstik.
 
== Filmrollen ==