Kamp Westerbork: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
foto [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Monument Kamp Westerbork.jpg|thumb|250px|''Monumint kamp Westerbork'']]
[[Ofbyld:Monument appelplaats Kamp Westerbork2.jpg|thumb|250px|''Monumint fan 102.000 Stiennen op it eardere appelplak'']]
[[Image:Modell Westerbork.jpg|thumb|250px|''Makette fan it kamp''.]]
 
'''Kamp Westerbork''' (''Polizeiliches Durchgangslager Westerbork'') ûnder [[Hooghalen]] is bekend wurden as trochgongskamp. Hjirwei waarden 107.000 [[joaden]] en [[Sigeuners|Roma]] en [[Sinti]] nei Dútse [[konsintraasjekamp]]en deportearre; mar 5.000 dêrfan oerlibben de oarloch, de measten yn [[Konsintraasjekamp Theresienstadt|Theresienstadt]] en [[Bergen-Belsen]] of troch befrijding yn Westerbork sels.
 
Rigel 12:
 
== Twadde Wrâldkriich ==
[[Ofbyld:Joden wachtend op deportatie van Westerbork naar Auschwitz.png|thumb|250px|Joaden wachtsjend op deportaasje fan Westerbork nei Auschwitz]]
Yn de besetting makken de nazy's tankber gebrûk fan de al besteande kampsruktuer. Westerbork kaam op [[1 july]] [[1942]] ûnder Dútsk bestjoer. Fan oktober 1942 oant april 1945 wie [[Albert Konrad Gemmeker]] kommandant fan it kamp. As ''Polizeiliches Durchgangslager Westerbork'' waard it in trochgongskamp foar [[joaden]], [[sigeuners]], [[homoseksueel|homoseksuelen]] en [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|fersetsminsken]], dy't per trein ôffierd waarden. Yn't earstoan barde de dat fia stasjon Hooghalen, mar nei in skoft waard in spoar oanlein dat it kamp ferbûn mei it spoar tusken [[Beilen]] en [[Assen]].
[[Image:Modell Westerbork.jpg|thumb|250px|''Makette fan it kamp''.]]
 
Else tiisdei gie der in frachttrein út Westerbork wei dy't in gruute groep kampbewenners fia [[Assen]], [[Grins (stêd)|Grins]] en [[Nijeskans]] nei kampen yn [[Poalen]] brocht, meast de ferneatigingskampen [[Auschwitz|Auschwitz-Birkenau]] (65 treinen mei 60,330 minsken, de measten by oankomst deadien), en [[Sobibór]] (19 treinen mei 34,313 minsken, allegear fuortendaliks fergast), mar ek nei [[Bergen-Belsen]] en [[Theresienstadt (konsintraasjekamp)|Theresienstadt]] (9 treinen mei 4,894 minsken dêr't sa'n 2,000 fan oerlibben). De reis duorre sa'n trije dagen. De trein waard oant Nijeskâns troch Nederlânsk spoarpersoniel bemanne, en fan Nijeskâns ôf troch Dútsk personiel.<BR>
Yn totaal waarden fan [[1942]] oant [[1944]] goed 107.000 finzenen út Westerbork wei mei de trein deportearre. Mar 5.000 fan harren kamen libben werom.