Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 10:
== De minsk ==
=== Bou fan de longen ===
By de minsk is de rjochterlong wat grutter en hat trije longkwabben, de linker hast altiten (op ± 5% nei) twa. De ynademe lucht streamt troch de [[luchtpiip]] (''trachea'') dy't him by de [[Karina (loftwegenluchtwegen)|karina]] splitst yn twa [[haadbronchy]]en, dy't har fierder fiere yn in systeem fan hieltiten mear, mar hieltiten finer fertûke pypkes, oant se úteinlik terjochte komt yn de tige lytse longtrachterkes. De wannen dêrfan binne útpûle ta lytse sekjes, mei elk in tsiental blaasfoarmige útstulpings, de alveoalen of longblaaskes. Dy wurde omjûn troch in netwurk fan uterst fine [[bloedfet]]sjes, folle tinner as in hier ([[kapilêr]]en). De soerstof yn de blaaskes passearet ûnder ynfloed fan de konsintraasjegradiïnt in flintertin flues (membraan) en komt sa yn it bloed. Dêr wurdt de soerstof foar it grutste diel oan it aaiwyt [[hemoglobine]] bûn. Om de long leit it [[longflues]] (pleura). It longflues bestiet út twa blêden, de ''pleura visceralis'' dy't oan de long fêst sit en de ''pleura parietalis'' dy't oan de binnenkant fan de boarstwand fêst sit. Tusken dy twa fluezen sit wat focht wêrtroch't se oer elkoar ferskowe kinne. De long is elastysk en wol fan himsels ynklappe, mar troch de ûnderdruk tusken de longfluezen oan de binnenkant fan de boarstwand bart dat net. De long folget ornaris de bewegings fan de boarstwand. As der lucht tusken de twa pleurablêden komt, bg. troch in messtek yn de boarstkas as fansels, falt de ûnderdruk tusken de 2 pleurablêden wei en kin de long gearfalle: der ûntstiet in klaplong, ofwol in [[pneumotoaraks]]. Itselde bart by in ruptuer fan ien of mear longblaaskes: der streamt dan lucht fanút de long de pleuraholte yn.
 
=== It sykheljen ===