Barrahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
wurk
Rigel 1:
[[File:Barrahûs Wirdum.JPG|thumb|Barrahûs]]
'''Barrahûs''' of '''Barhûs''' wie in aadlik hûs fan de Aylva's dat tusken [[Wurdum]] en [[Goutum]] stie. Op it stee waard yn de [[15e iuw]] faak de [[lândei]] fan [[Eastergoa]] holden. It hûs waard ferneatige yn [[1492]] yn de [[slach by Barrahûs]].
[[Ofbyld:Stinzen om Wurdum.jpg|thumb|right|300px|''States om Wurdum'']]
Line 13 ⟶ 12:
== Namme ==
De oarsprong fan de namme Barrahûs is net wis. De earste fernijings binne fan [[1360]], doe't skreaun waard oer ''Bergher huse'', en 1348 mei ''Bergera Stenhuse''. Der stie ek wier in stiennen hûs op dat plak: it kleaster fan Burgum, it [[Barrakonvint]], hie der in fersterke hûs, in [[foarwurk]]. De namme soe dan komme kinne fan dy fan it konvint, wat op himsels wer fan de namme ''Burgum'' komt.
{{wurk}}
 
== Sêge ==
[[File:Barrahûs Wirdum.JPG|thumb|250px|Barrahûs]]
Oan de hjoeddeiske [[pleats]] by de eardere spoaroergong is in rôverssêge ferbûn oer [[it soldaatsje fan Barrahûs]]: In as frou ferklaaide rôverhaadman wurdt ûntmaskere troch de smjunt in apel yn de skoat te smiten. Der stiet in it byldsje foar de pleats fan in soldaat foar de pleats, dat keppele is oan de sêge:
Yn it ferhaal hat de soldaat holpen om de út harren mûklaach kommende bendeleden ûnskealik te meitsjen. It unifoarm fan it byldsje is dat fan it keizerlik ynfantery-rezjimint fan de keurfoarst fan Beieren ([[1741]]-[[1745]]). Oft it byldsje wier in ferbân hat mei de sêge, en wêrtroch de sêge oan dat stee keppele is, bliuwt lykwols tsjuster.