Dronryp: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
omstav. |
|||
Rigel 25:
==Skiednis==
Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa [[roomsk-katolisisme|roomsk]] is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] boud wie op sân [[heuvel]]s, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels [[terp]]en. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by [[
Yn 'e [[Midsiuwen]], doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld [[haadling]]elaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân [[state]]s: Fetsa-, Grut Dotinga-, Osinga- en Hobbemastate yn of fuort by de buorren, Foppingastate oan 'e súdkant fan 'e âlde [[Harnzer Trekfeart]], Glinsstate (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en Hommemastate op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde [[benifysjaalboek]]en fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.
|