Korrupsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L Fij
Rigel 4:
[[Politike korrupsje]] komt foar as in oerheidsfunksjonaris beslissings nimt en aktiviteiten ferrjochtet mei as doel om der sels better fan te wurden ynstee fan om it publike belang te tsjinjen. Behalven yn 'e [[polityk]] komt korrupsje ek foar by de [[plysje]], de [[rjochterlike macht]], yn it [[ûnderwiis]], by [[fakbûn]]en en op oare plakken. [[Omkeaping]] (sjoen fanút it eachpunt fan 'e persoan dy't wat fan 'e korrupte funksjonaris wol) of it oannimmen fan in [[omkeapsom]] (sjoen fanút it eachpunt fan 'e korrupte funksjonaris sels) is de meast foarkommende soarte fan korrupsje, wêrby't de omkeapsom net in [[jild]]bedrach hoecht te wêzen, mar ek in foarm yn [[natuera]] oannimme kin fan bygelyks [[seks|seksuële hannelings]], [[reis]]kes en/of [[fakânsje]]s op oarmans kosten, ferbliuwen yn it [[fakânsjehûs]] fan dejinge dy't wat fan men wol, ensfh. Behalven sokke 'positive' foarmen fan korrupsje, bestiet der ek in 'negative' foarm, wêrby't de oangeande funksjonaris [[sjantaazje|sjantearre]] wurdt om korrupte dingen te dwaan.
 
Guon [[ûntwikkelingslânUntwikkelingslân|ûntwikkelingslannen]] steane bekend as de meast korrupte lannen fan 'e wrâld. Benammen lannen as [[Nigearia]] en [[Afganistan]] hawwe datoangeande in tige minne reputaasje. De [[Skandinaavje|Skandinavyske lannen]], [[Nederlân]], [[Switserlân]], [[Kanada]] en [[Nij-Seelân]] komme by ûndersiken op dit mêd ornaris as de minst korrupte lannen út 'e bus. Korrupsje is lykwols in ferskynsel fan alle tiden en alle maatskippijen, en sil oeral de kop opstekke as men jin der net foar te wacht nimt.
 
{{boarnen|boarnefernijing=