Tiny Mulder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
'''Tiny Mulder''' ([[Beetstersweach]], [[2 april]] [[1921]] - [[Jellum]], [[4 novimber]] [[2010]]) wie [[skriuwster]], [[sjoernaliste]] en fersetsstrider.
 
== Libben ==
As bern wenne hja lange tiid yn [[Assen]], mar doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei [[Drachten]]. Dêr learde Tiny [[Frysk]] praten, foar it lêzen en skriuwen folge sy in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.
 
Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de [[Twadde Wrâldoarloch]] út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan [[Smellingerlân]] en letter op it distribúsjekantoar, dêr't [[Pieter Wybenga]] har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Dêr hoegde hja net lang oer nei te tinken en as fersetsfrou holp se alliearde piloaten en socht se ûnderdûkadressen foar [[Joaden|joadske]] minsken. Se krige de [[Medal of Freedom]] ûnderskieding mei Silver Palm yn [[1946]] fan de Amerikaanske regeaering. Fan Ingelân krige hja de 'King's Medal for Courage in the Cause of Freedom'. Ek de âlden fan Tiny Mulder hawwe postúm de [[Yad Vashem ûnderskieding]] takend krigen yn [[2010]].
 
Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it [[Friesch Dagblad]]. HjirDêr hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn [[Ingelân]] en [[Skotlân]], letter hat hja hjirfoardêrfoar ek noch reizge troch [[Amearika]], [[Kanada]] en [[Denemark]]. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern. Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.
 
Tiny Mulder skreaunskreau sawol gedichten[[gedicht]]en en romans[[roman]]s as krityken. Hja skreaunhat berneboeken[[berneboek]]en skreaun en makke Fryske oersettings fan klassikers as ''[[Alice in Wonderland]]'' en ''[[Mijnheer Prikkebeen]]''. As wurdearring foar har wurk hat sy in protte literêre prizen wûn.
 
Tiny Mulder wie de frou fan wurden en dieden, fan fersen en polemyk, fan gefoel en ferstân, fan rjocht en ferset, fan moed en oerjaan. Har krewearjen foar it plak fan de frou yn in maatskippy dêr’t mannen it foar it sizzen hiene, har iver foar de diskusje oer rjocht en ûnrjocht, har moed om nije dingen te ûntdekken, har krêft foar de opbou fan it Friesch Dagblad. En yn it hege ryk fan taal en tinzen: yn it poëtyske en yn it lyriske. It oeuvre fan Tiny Mulder is ryk yn ferskaat.
Rigel 94:
[[Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Rjochtfeardige ûnder de Folken]]
[[Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach]]