Búk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Anatomy Abdomen Tiesworks.jpg|right|thumb|250px|In [[anatomy]]sk ôfbyld fan 'e [[minske|minsklike]] búk.]]
De '''búk''' of '''bûk''', by [[bist]]en yn 'e regel '''bealch''' neamd ([[Latyn]]: ''abdomen''), is by [[rêchstringdieren]] (wêrûnder de [[minske]]) in holte (de búkholte), wêryn't in stikmannich [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] lizze dy't benammentlik de [[spiisfertarring]], de dêrmei mank geande ôffier fan ôffalstoffen en fierders de [[fuortplanting]] beävensearje.
 
Fan organen dy't har yn 'e búkholte befine, lykas de [[mage]], de [[lever (orgaan)|lever]], de [[milt]] en it grutste part fan 'e [[term (orgaan)|term]]s (útsein it [[duodenum]]), seit men yn it medysk jargon dat se [[yntraperitoneaal]] lizze, nei it [[búkflues]] of ''peritoneum'', dat de búkholte oan 'e binnenkant en de búkorganen oan 'e bûtenkant bedektbeklaait. Organen dy't net yn 'e eigentlike búkholte lizze mar dertsjinoan, lykas de [[nier]]en en de [[alfleisklier]], wurde [[ekstraperitoneaal]] neamd (en binne almeast [[retroperitoneaal]]). In orgaan as de [[limoer]] is in bytsje in grinsgefal.
 
De búkholte is fan 'e [[boarstholte]], dêr't it [[hert]] en de [[long]]en lizze, ôfskaat troch it [[mulruft]] of middelruft ([[Nederlânsk]]: ''middenrif''; [[Latyn]]: ''diafragma''). Dat is in [[spier]] mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearlûking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e búkholte, sadat de longen har folsûge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e búkholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de [[búkwand]] nei bûten ta út.
 
Oan 'e bûtenkant is de búk oerdutsen mei spieren en hûd, en yn 'e midden befynt him de [[nâle]]. By bisten is de búk yn 'e regel behierre; by de minske is dat by manlju meastal yn beheinde mjitte ek sa, wylst by froulju de búk ornaris keal is. By manlju bestiet de behierring meastal út in net al te tichte streek hier tusken de nâle en de [[geslachtsdielen]]. De búk is, fral by minsken, dy't rjochtop rinne en dus net de búk mei de rest fan it lichem beskermje kinne, in kwetsber lichemsdiel. De búk wurdt net beskerme troch in koai fan [[bonke]]n ([[ribbekast]]), en dêrom sprekt men yn it [[Frysk]] ek wol fan it '''weak fan 't liif'''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=