Heemstrastate (Eanjum): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ôfbylden der by |
No edit summary |
||
Rigel 1:
[[Ofbyld:Eanjum Heemstrastate eastside 20100425.jpg|thumb|''Pleats yn 2010'']]
'''Heemstrastate'''
Oer it ûntstean is neat bekend
Eigeners wienen yn 1511 Take en Menke Heemstra. De troch harren ferpachte sate wie doe 68 [[pûnsmiet]] grut. Yn 1640 wie Hiemstrastate 74 pûnsmiet grut en eigendom fan de [[grytman]] Johan Onuphrius frijhear 'thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg' op [[Holdingastate (Eanjum)|Holdingastate]] en Sybe Thomas brûker fan de byhearrende pleats. Yn 1698 wie Wilco Holdinga baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, Frij- en Erfhear fan It Amelân, eigener en Reytse Sapis brûker fan de 75 pûnsmiet (27,5 ha) grutte [[pleats]] dy't doe belêste wie mei 24 [[floreen]]. Yn 1728 is Cornelis fan Aylva, hear fan Waardenburg en Neerijnen eigener út namme fan syn frou. Hy wie troud mei Juliana Agatha baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dochter fan boppeneamde Wilco Holdinga en Fedt Sophia fan Goslinga. Cornelis waard yn 1701 grytman fan [[Wûnseradiel]] en se wennen op [[Wybrandastate]] yn [[Hichtum]].
Yn april 2010 stie de pleats te keap mei (op ynternet) de tekst: ''Een juweeltje in Friesland! Zeer fraai gelegen, op een van de mooiste plekken van Friesland, nabij diverse voorzieningen ligt deze schitterende kop-hals-romp boerderij 'Heemstra State' op een royaal perceel van ca. 1,1 ha. De fraaie rietgedekte woonboerderij is vrijwel geheel gerestaureerd met hoogwaardige en duurzame materialen, karakteristieke eigenschappen zoals de hergebruikte "kloostermoppen" en de muurankers zijn bij de restauratie behouden gebleven.''
Op de kaarten fan Vegelin, Eekhoff en Halbertsma is in stinswier oanjûn op in lyts persieltsje direkt
Fan Heemstrastate en de wier besteane gjin âlde ôfbylden. De stinswier komt foar it earst op de kaart fan Vegelin (1739) foar.
== Bewenners ==
* 1511 Take en Menke Heemstra
|