Gesin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ húshâlding
Rigel 4:
 
==Gesinsopbou==
It moderne (Westerske) gesin bestiet út twa [[âldelju]] en ien of mear [[bern (persoan)|bern]]. Dêrby binne ferskate fariaasjes mooglik. Foarhinne wiene de âldelju fan tsjinstelde [[geslacht (sekse)|geslachten]], nammentlik in [[man (sekse)|man]], de [[heit]], en in [[frou]], de [[mem]]. Tsjintwurdich, en fral sûnt de ynfiering fan it [[homohoulik]], is in gesin mei twa heiten of twa memmen lykwols ek hiel gewoan wurden. By de bern kin it om [[soan]]nen of [[dochter]]s gean, dy't inoars [[broer|bruorren]] of [[suster]]s binne. As der mar ien bern is, sprekt men fan in [[ienlingsbern]]. It trochsneed tal bern yn in gesin leit yn 'e Westerske wrâld likernôch om 'e 2,4 hinne. Foarhinne wiene de gesinnen folle grutter, faak mei mear as tsien bern. Redens dêrfoar wiene it legere opliedingsnivo fan 'e measte minsken en it dêrmei mank geande brekme oan [[seks]]uële kennis; de gruttere ynfloed fan [[religy|religieuze]] autoriteiten (dy't it stiftsjen fan grutte gesinnen oanmoedigen); en de ûnbeskikberheid fan [[foarbehoedsmiddel]]s.
 
In oar modern ferskynsel is it tanommen tal [[houlik]]en dat einiget yn in [[skieding (houlik)|skieding]]. As de houlikpartners bern hiene, en it gesin dus útinoar skuord wurdt troch de skieding, sprekt men fan in '''brutsen gesin'''. Faak trouwe neitiid ien of beide eardere houlikspartners op 'e nij, soms mei nije partners dy't sels ek earder troud west hawwe of eigen bern hawwe út oarsoartige eardere relaasjes. Op dy wize komt in '''gearstald gesin''' ta stân, wêrby't de bern út 'e eardere relaasjes fan 'e respektivelike houlikspartners inoars [[styfbroer|styfbruorren]] en [[styfsuster]]s wurde. Fan âlds wie it yn 'e Westerske [[kultuer]], dy't [[patriargaal]] ynsteld is, wenst dat bern de [[efternamme]] fan harren heit oernimme. Tsjintwurdich is dat net mear sa fansels as foarhinne, en is it ek mooglik dat se de efternamme fan 'e mem of in kombinaasje fan beide krije.