Frankfurt am Main: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 32:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Zeitgenössige_Lithografie_der_Nationalversammlung_in_der_Paulskirche.jpg|thumb|left|Nasjonale Gearkomste 1848/49.]]
It histoaryske sintrum fan de stêd wie it ''Dominsel'', in eilân tusken twa tûken fan de ''Main'' rivier, dat al sûnt de [[NeolitykumNeolitikum|neolityske]] tiid bewenne is. Neidat it plak al brûkt waard troch de [[Kelten]], [[Romeinske Ryk|Romeinen]] en [[Allemannen]], waard it om 600 hinne een keningshôf fan de [[Franken|frankyske]] [[Merovingen]]. Mei it keningshôf waard Frankfurt (as ''Francofurd'', Frankefoarde of foarde fan 'e Franken) it earst neamd yn in oarkonde fan keizer [[Karel de Grutte]] yn [[794]]. Roomsk keizer [[Lodewyk de Dútser]] keas Frankfurt as plak foar syn residinsje. Yn [[1220]] krige de stêd de rang fan ''Frije Ryksstêd'' en fan [[1356]] ôf mochten der mei de [[Gouden Bul]] [[karfoarst]]en keazen wurden. Fan [[1562]] ôf hat de stêd ek kroaningsstêd fan Dútse keizers west. Fan [[1816]] oant [[1866]] hat Frankfurt de sit fan de [[Bûnsdei]] west. Yn de [[Paulskirche]] kaam yn [[1848]] it earste Dútske parlemint gear. Yn [[1866]] kaam Frankfurt ûnder [[Prusen|Prussysk]] bewâld.
 
Yn de tiid fan it [[nasjonaalsosjalisme]] waarden 11.134 [[Joaden]] út Frankfurt deportearre en fermoarde. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] ûndergong Frankfurt heftige bombardeminten. Sa'n 70 persint fan de gebouwen yn de stêd gongen ferlern. It midsiuwske stedsbyld fan Frankfurt kaam by it wer opbouwen nei de oarloch net mear werom. Nei de Twadde Wrâldkriich moast der in nije haadstêd foar de [[West-Dútslân|Bûnsrepublyk Dútslân]] komme. De stêden Frankfurt en Bonn kamen yn 'e beneaming. Op 10 maaie 1949 stimme in mearderheid fan de Bûnsdei foar [[Bonn]] as haadstêd fan West-Dútslân. Nei de Twadde Wrâldkriich ûntwikkele de stêd him ta it finansjele sintrum fan Dútslân, sûnt 1998 is de [[Europeeske Sintrale Bank]] fêstige yn Frankfurt.