Rykswei 31: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
bytsje by de tiid brocht
red
Rigel 15:
 
== Ferdûbeling Surch-Harns ==
It gedeelte tusken knooppunt Surch en [[Harns (stêd)|Harns]], útsein de traverse troch Harns, wurdt omboud ta fjouwerstrooks autowei. Bysûnder is dat dizze ferbouwing net bedoeld is om in fileprobleem op te lossen, mar om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. It stik N31 tusken Surch en Harns jildt as ien fan de ûnfeilichste wegen fan Nederlân; tusken 1995 en 2000 foelen der 18 deaden op de wei en tusken 1993 en 2000 teffens 37 ferwûnen; yn fergeliking mei oare autowegen barre der relatyf in soad slimme ûngelokken, fataal of mei letsel, plaats.<ref>[http://www.n31.nl/html/achtergrond.htm N31.nl - achtergrond]</ref> It wurk oan de N31 by Harns is ein [[2015]] begûn.<ref>Verkeerenwaterstaat.nl - [http://www.nieuwsbank.nl/inp/2009/02/09/R061.htm ''De opening van de N31 Zurich-Harlingen, in Kimswerd''] fia nieuwsbank.nl</ref>
 
== Drachten-Emmen ==
Nei Drachten giet de N31 fierder as de [[provinsjale wei 381|N381]] rjochting [[Emmen]].
 
Oant yn de jierren njoggentich rûn de N31 oer de hjoeddeiske [[Provinsjale wei 381|N381]], de [[Rykswei 34|N34]] en oer de Rûnwei fan Emmen nei de [[provinsjale wei 862|N862]], wêrdêr't de N31 by [[Klazienaveen]] op de [[Rykswei 37|N37]] oanslute.
 
Anno [[2016]] binne de plannen foar in (gedieltlike) ferdûbeling en werynrjochting fan de wei Drachten-Appelskea/Hoogersmilde foar in grut part útfierd. Mooglik sil de dyk letter wer omdoopt wurde yn N31.
 
== Keppeling om utens ==