Korbulo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: namme fan Germania ferfrysk
Rigel 5:
Korbulo makke yn it leger opgong as militêr. Hy trouwde mei Cassia Longina út in foarnaam Romeinske [[senator]]en famylje. Sy krigen twa dochters. De âldste [[Domitia Corbula]] trouwde mei de senator Lucius Annius Vinicianus. Harren twadde dochter [[Domitia|Domitia Longina]] waard letter keizerin troch har houlik yn [[70]] mei de lettere keizer [[Domitianus]].
 
Yn [[47]] wie Korbulo ''[[legatus|legatus militus]]'' fan [[Germania Inferior|Germania inferiorNeder-Germaanje]] (in gebiet dat sawat oerien komt mei it hjoeddeiske Nederlân). Hy hie in proatte sukses yn de oarloch tsjin de [[Germanen|Germaanske]] [[Sjauken]] en [[Friezen]], dy troch him ferslein waard. Lykwols krieg hy fan keizer Claudius opdracht him werom te loeken efter de [[Ryn]], dy sonttiid de grins ([[limes]]) fan it [[Romeinske ryk]] mei de [[Germanen]] bleau.
 
Korbulo handhavenje in stringe tucht yn syn legers en sette syn soldaten oan it werk troch harren de ''fossa Corbulonis'' (ek wol neamd ''[[kanaal fan Korbulo]]'') útgrave, dy de [[Maas]] mei de Ryn ferbûn. Archeologyske opgravings hawwe oantoand dat dit kanaal foar in part beware bleaun is yn it [[Vliet (Sud-Hollân)|Vliet]] tusken [[Leiden]], dat doe Matilo hjitte en [[Voorburg]] ( doetiid [[Forum Hadriani]]). Yn [[1989]] waard by de oanlis fan de wyk [[Rietvink]] yn [[Leidschendam]] hjir spoare fûn.