Amelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L útjefte 'Groat Amelander Woa'deboek'
Rigel 24:
Under it regear fan Ritske Jelmera en syn opfolgers ûntjoech it Amelân him ta in selsstannich minysteatsje, sa't der yn dy tiid yn [[Jeropa]] withoefolle wiene, dat al liket soks no miskien apart, doe wie it neat gjin nijs. De ûnôfhinklikens fan it eilân waard erkend troch Jeropeeske grutmachten as [[Ingelân]] en [[Spanje]], en sa slagge it de [[Amelanners]] om troch it fieren fan in neutraliteitspolityk bûten ferskate grutte oarloggen te bliuwen, dêr't it buoreilân Skylge ferskillende kearen swier troch troffen waard. Hoewol't men de saneamde frijhear fan it Amelân hearrigens ferskuldige wie, genoat de eilânbefolking fierders in grutte mjitte fan frijheid, dy't mear noch as op it Fryske fêstelân in maatskiplike ôfkear fan rang en status oprôp.
 
Deselde sitewaasje waard hanthavene doe't de Van Cammingha's yn [[1681]] yn 'e manlike line útstoaren en it eilân oergie yn 'e hannen fan it aadlike slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn [[1704]] kocht steedhâlder [[Jehan Willem Friso]] it Amelân oan foar in bedrach fan 170.000 gûne, wêrnei't it oant de [[Frânske Tiid]] priveebesit bleau fan wat letter it [[Nederlân]]ske [[Hûs fan Oranje-Nassau|Keninklik Hûs]] wurde soe. As oerbliuwsel út dy tiid draacht de kening noch altyd de (no liddige) titel fan "frijhear fan it Amelân". Neffens jonker [[Montanus de Haan Hettema]], dy't yn [[1855]] ûndersyk die nei de testaminten[[testamint]]en fan 'e Van Cammingha's, wie ûnder it bewâld fan dat laach op it eilân it [[Hollânsk]] der de bestjoerstaal, wat betsjut dat it Frysk op it Amelân hast in iuw earder de status fan bestjoerstaal ferlear (nammentlik yn [[1398]]) as op it Fryske fêstelân (om [[1500]] hinne). Dat soe dan wer bydroegen hawwe kinne oan in hegere maatskiplike status fan it Hollânsk en in legerenien fan it Frysk.
[[File:Ameland_klederdracht.jpg|right|thumb|200px|[[Amelân]]ske klaaiïng mei [[earizer]].]]
 
Rigel 33:
Fanwegen de fragmintaryske oerlevering is oer it iere Amelânsk frijwol neat bekend. De âldste boarne is it ''Zeemanssprookje'' fan [[Jan Hendrik Heymans]], yn 'e [[Fryske Folksalmenak]] fan [[1842]]. Hoewol't der ûnder [[taalkundige]]n al langere tiid belangstelling foar it Amelânsk bestie, is der oant de twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] mar in bytsje ûndersyk nei dien. Yn 'e santiger jierren pakte de [[Fryske Akademy]], dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn [[Fryslân]], de saak op. De earste konkrete plannen foar in [[wurdboek]] fan it Amelânsk datearje fan [[1974]]. Fan [[1977]] ôf waard der tsien jier lang hurd bodde om dy plannen te ferwêzentlikjen, wêrby't it measte wurk ferset waard troch [[Anton Oud]]. As resultaat fan al dat labeurjen kaam yn [[1987]] einlings it mânske ''Woa'deboek fan ut Amelands'' út.
 
De ûntjouwing fan in formele [[stavering]], dy't oan 'e gearstalling fan it wurdboek te'n grûnslach lei, hat derta laat dat it dialekt sûnt mear as skriuwtaal brûkt wurdt. Sa is der in Amelânsktalige [[kollumn|kollem]] yn 'e pleatslike [[krante]]. Ek wurdt it dialekt brûkt troch eilanner [[popmuzyk|popmuzikanten]], lykas de band ''Gang is Alles'', en troch de [[Hollum]]er [[toaniel]]feriening ''Nut en Genoegen'', dy't geregeldwei in Amelânsktalich stik op 'e planken bringt en dêrmei yn it ferline ek ien kear yn 't jier ôfreizge nei [[Amsterdam]], om dêre foar de Amelânske mienskip om utens te spyljen. SûntYn [[novimber]] [[2016]] kaam by de jierren[[Fryske 2000Akademy]] wurdtit der''Groat wurkeAmelander Woa'deboek'' út, dêr't [[taalkundige]] [[Siebren Dyk]] sechstjin jier oan wurke hie.<ref>{{Aut|Fierant, Tim}}, ''"Groat Amelander Woa'deboek" is misschien wel het laatste'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 12 novimber 2016.</ref> De grûnslach fan dit nije wurdboek waard foarme troch it ''Woa'deboek fan ut Amelands'' fan Anton Oud, dêr't Oud sels letter noch op fuortborduere oant er yn [[2006]] kaam te ferstjerren. Dyk sette it wurk fuort, en it resultaat wie in op 'e nij besjoene ferzje fan it Amelânske wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske[[Nederlânsk]]e yndeks oan taheakke wurde silis, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin.
[[File:2012-05-05_Ameland_16.JPG|left|thumb|250px|[[It Amelân]] mei de [[fjoertoer]] op 'e eftergrûn.]]
 
Rigel 100:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
*{{nl}}[http://www.ameland.nl/over-ameland/het-eiland_41147/item/dialect_20313.html Ynformaasje oer it Amelânsk op 'e gemeentlike webside fan it Amelân]
*{{nl}}[http://www.kennislink.nl/publicaties/wadden-dialecten-op-sterven-na-dood Ynformaasje oer de útjefte ''Taal van de Wadden'']