Ridder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Meister der Manessischen Liederhandschrift 001.jpg|thumb|200px|''In ridder kriget de ridderslach'', ofbyld ± 1320]]
In '''ridder''' (it wurd is ôflateôflaat fan "ruter") wie yn de [[Midsiuwen]] oarspronklik in beride en bepantsere soldaat ([[Ruter (persoan)|ruter]]) dy't de [[ridderslach]] ûntfongen hie. Meastentiids waard dat dien troch de kening of in plakferfanger fan him. Letter waard de namme assosjearre mei de [[eallju]] en in hege sosjale status, nei alle gedachten omdat de kosten fan de útris troch de gewoane kriichslju net mear op te bringen wie.
 
Yn it iere [[Romeinske Ryk]] foarme de ''[[equites]]'' (iental ''eques''), letterliker "ruters", al in sosjaal befoarrjochte stand, in soart [[middenklasse]] tusken de [[Patrysjer|patrysjers]] en [[plebejer]]s yn. De equites droegen û.a. [[maliënkolder]]s. Om by dizze stand te hearren moasten sy al oer in wis fermogen beskikke. Yn it Romeinske leger foarme ''equites'' de [[kavalery]]. Lykwols wie harren funksje op it slachfjild meastentiids beheind ta it útfiere fan ferkenningstochten, omdat de Romeinen noch net oer de [[Stiichbûgel]] beskikten. Sûnt de ein 3e iuw f.Kr. waard de Romeinske kavalery benammen levere troch alliearde folkeren, en waard ''eques'' in symboalyske titel foar de Romeinske elite.