Stabij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
stav.
→‎Skiednis: Fansels gjin roer
Rigel 18:
[[File:Friese Stabij P6180863.JPG|left|thumb|250px|Gjin rassuvere stabij, mar in krusing tusken in stabij en in [[wetterhûn]] (sa't û.m. te sjen is oan it krollige hier).]]
 
De stabij is in [[steande hûn]], dy't roerleasûnferweechlik stilstean bliuwt as er it wyld gewaar wurdt (soms mei in foarpoat omheech en mei de noas yn 'e rjochting fan it wyld) en sa syn baas der opmerksum op makke. As it wyld sketten is, hellet er it ûnskansearre en sa nedich noch libben op en bringt it by syn baas. Dêrnjonken hat de stabij in earsten [[noas]], en is it sadwaande in treflike [[speurhûn]]. Behalven as [[jachthûn]] tsjinne de stabij ek as [[hiemhûn]], en gruttere eksimplaren waarden foarhinne ek wol as [[lûkhûn]] brûkt, wêrby't se foar of ûnder de [[hûnekarre]] spand waarden om frachten te ferfieren.
 
Histoarysk waarden stabijen yn 'e regel hast útslutend troch lytse [[boer]]en, [[komelker]]s en [[gernier]]s holden, dy't it net sa rom hiene en sadwaande in hûn brek wiene dy't foar alle putsjes ynsetber wie, ynstee fan in spesjalisearre jachthûn, in aparte hiemhûn en ek noch in dêrfoar fokte lûkhûn deropta. Om 'e eigenskippen fan 'e stabij te optimalisearjen, waard er foarhinne gauris krúst mei in oar âld Frysk hûneras, de [[wetterhûn]]. Tsjin 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] late dat der ta dat de stabij suver útstoar, mar yn [[1942]] waard der troch stabij-eigners in rasferiening oprjochte dy't bedoeld wie om 'e stabij fan 'e ûndergong te rêden. Krusen mei wetterhûnen waard doe grutdiels mei opholden.