Jojakin fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]], neat te rêden
L [[]]
Rigel 16:
}}
 
'''Jojakin''' ([[Hebriuwsk]]: יְהוֹיָכִין; "God befêstiget") folge yn ± [[598 f.Kr.]] syn [[heit]] [[Jojakim fan Juda|Jojakim]] op as [[kening]] fan [[Juda (keninkryk)|Juda]].
 
Nei't kening Jojakim wegere noch langer tribút te beteljen oan de Babyloanyske kening [[Nebûkadnêzer II|Nebûkadnessar]], stjoerde dy syn leger op Juda ôf. Noch foar't it Babyloanyske leger de haadstêd [[Jeruzalim]] omsingele stoar de Judeeske kening. Syn soan Jojakin folge him op. It [[Bibel|bibelboek]] 2 [[1 en 2 Kroniken|Kroniken]] ynformearret dat Jojakin doe acht jier wie, mar dat liket in skriuwfout te wêzen. It bibelboek 2 [[1 en 2 Keningen|Keningen]] en de [[Syrysk|Syryske]] ferzje fan 2 Kroniken 36:9 neame in âldens fan 18 jier. Dat slút oan op in Babyloanyske boarne, dêr't út bliken docht dat Jojakin seis jier letter fiif soannen hie.