Josse de Haan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[]]
Rigel 1:
'''Johannes Izaäks (Josse) de Haan ''' ([[Peins]], [[20 jannewaris]] [[1941]]) is in skriuwer en dichter dy't yn it [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] publisearret.
 
De Haan wie fan 1962 oan 1971 haad fan de skoalle yn [[Hjerbeam]]. Yn 1971 waard er beneamd as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip yn [[Skagen|Schagen]] (N.H.). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn [[Amsterdam]]. Yn 1988 joech er it ûnderwiis oer en wijde er him alhiel oan de skriuwerij.
 
De Haan wie yn de jierren 60 pleiter foar fernijing yn de [[Fryske literatuer]]. Literatuer moat fan him fernijend wêze, minsken prikeljeprikkelje en útdaagje. [[Dadaïsme|daïstyske]] en [[surrealisme|surrealistyske]] ynfloeden binne yn syn wurk werom te finen; teffens eksperimintearre er mei foarm yn syn [[proaza]].
Sûnt 1999 wennet De Haan yn it doarp [[Hendaye]], yn [[Frankryk|Frânsk]] [[Baskelân]]. Syn libbenspartner is de Baskyske skriuwster [[Maite Gonzalez Esnal]] (1943).
Rigel 9:
It bedriuwen fan Fryske literatuer op ôfstân fan it heitelân fynt De Haan gjin probleem. Krekt oarsom; it ynspirearret him.
 
De Haan hat him ek tige ynset foar de Fryske útjouwerij. Hy wie warber foar de [[Koperative Utjouwerij]]. Letter wie mei [[Trinus Riemersma]] oprjochter fan [[útjouwerij Venus]].<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_42165.aspx Omrop Fryslân]</ref>
 
Josse de Haan skreau romans[[roman]]s, koarte ferhalen, toanielstikken[[toanielstik]]ken, [[poëzij]] en [[berneboek]]en. Fierders is er redakteur by ferskate Fryske tydskriften.
 
Yn 2007 waard him de [[Gysbert Japicxpriis]] takend foar 'Piksjitten op snyp'. De sjury wie fan betinken dat De Haan in wichtige bydrage levere hat ta de fernijing fan de [[Fryske literatuer]]. De Haan hie al twaris earder nominearre west.