Fierrekiker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
ek dy
Rigel 1:
[[File:Fernglas(alt).JPG|right|thumb|230px|In fierrekiker.]]
In '''fierrekiker''', '''fiersjogger''' of '''fiersjoggerfierker''' is in [[optika|optysk]] [[ynstrumint]] om dingen fan in ôfstân ôf fergrutte wer te jaan. It bestiet út twa [[tilleskoop|tilleskopen]] dy't njonken inoar befêstige binne en yn deselde rjochting wize. Dêrby moat men de efterkant fan 'e beide tilleskopen tsjin 'e [[each|eagen]] oan pleatse en de foarkant rjochtsje op wat men fergrutte sjen wol. De measte fierrekikers binne bedoeld om mei beide [[hân|hannen]] fêst te hâlden, hoewol't de grutte útinoar rint fan lytse [[toanielkiker]]s mei in [[stôk]]foarmich [[hânsel]] deroan dat men mei ien hân fêsthâlde moat, oant massive [[militêr]]e tastellen dy't op in [[statyf]] montearre binne om't se te swier binne om (langere tiid) troch ien persoan optild te wurden.
 
De fierrekiker waard yn [[1608]] útfûn troch de [[bril]]lemakker [[Hans Lippershey]] fan [[Middelburch]]. De measte iere modellen wiene mar foar ien [[each]] bedoeld, en bestiene út in lang sylinderfoarmich apparaat, dat soms yninoar skood wurde koe. Sokke inkelfâldige fierrekikers wurde ek wol [[monokulêr]]en neamd, yn tsjinstelling ta moderne, dûbelfâldige fierrekikers of [[binokulêr]]en, dy't de sjogger troch in twafâldich gesichtspunt (krekt as eagen) in trijediminsjonaal byld jouwe mei [[djiptepersepsje]]. Beide helten fan 'e moderne fierrekiker befetsje in [[objektyf (optika)|objektyf]] en [[okulêr]] en binne foarsjoen fan in stelsel fan [[prisma (optika)|prisma's]] om it byld rjochtop te setten (dêrsûnder soe it byld op 'e kop stean). Sadwaande wurdt in fierrekiker inkeld ek wol oantsjutten as in prismakiker. Mei de prisma's wurdt ek in ferkoarting fan 'e fierrekiker bewurkmastere troch it geartearen fan 'e [[ljocht|strielegong]].