Falentinianus I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 13:
Falentinianus wie ûnder syn yn totaal âlve jier duorjende hearskippij drok dwaande mei alderlei fjildtochten tjin ynfallers, benammen mei de [[Bourgonden]], de [[Saksen]] en de [[Allemannen]] hie hy in soad te stellen. Mar hy wie lykwols tige súksesfol hjirmei en koe frede slute mei de Alamannen en har kening [[Makrianus]], dy't letter in goede freon fan de Romeinen wurden soe. Falentinianus liet in soad ferdigeningswurken bouwe yn [[Galje]], omdat hy dizze provinsje hiel wichtich fûn foar it ryk.
 
Saksyske piraten wienen in oare bedriging ûnder Falentinianus syn regear. Dizze piraten wienen bûnmaten fan de [[Pikten]] en de [[Skotten]], en sy plonderje de kusten fan Brittanje en Galje. Yn [[368]] stjoerde Falentinianus [[comes]] [[Teodosius de aldere]] nei Brittanje ta om yn dizze provinsje de rest te werstellen. Dizze generaal wie dêr hiel súksesfol yn, en werneamde dêrnei de provinsje "[[Valentia]]", nei de twa keizers. Teodosius waard dêrnei yn [[372]] nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] ta stjoerd om dêr de opstân fan [[Firmus]] del te slaan. Firmus die himself tekoart neidat hy fernommen hie fan Teodosius syn komst mei it leger.
 
Yn [[374]] wienen de [[Quaden]], in [[Germanen|Germaanske]] folk dat oan de [[Donau]] libbe, lulk op'e Romeinen om't dizzen forten boud hienen op wat sy beskôgen as harren eigen gebiet. Dit waard noch fersterke troch de moard op harren kening [[Gabinius]], der't Falentinianus ferantwurdlik foar hâlden waard. De Quaden stutsen de Donau oer en plonderen [[Pannonia]]. Falentinianus gong dêr yn [[375]] hinne om oarde op saken te stelle mei in grut leger. By in gearkomste mei in fertsjinwurdiger fan de Quaden waard Falentinianus, die bekend stie om syn opfleanende karakter sa lulk oer harren fredesfoarstel dat er fan de opwining in [[hertynfarkt]] krige, dêr't hy oan stoar.