Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
LNo edit summary
Rigel 1:
{{stavering}}
{{Ynfoboks bouwurk
| namme = Tsjerke op it Bloed
Line 9 ⟶ 8:
= [[File:Flag of Russia.svg|20px]] [[Ruslân]]
| bestjoerlike ienheid 1 = oblast
| namme bestjoerlike ienheid 1= [[File:Flag of Sverdlovsk Oblast.svg|20px]] [[Oblast Sverdlovsk]]
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2=
Line 43 ⟶ 42:
== Ipatjevhûs ==
[[File:Ipatiev House in 1930.jpg|thumb|250px|left|It Ipatjevhûs]]
It Ipatjevhûs wie in stiennen gebou fan twa ferdjippings út de lette jierren 1880. Sûnt 1908 wenne hjir de yngenieur Nikolaas Ipatjev. Yn april 1918 waard it hûs troch de regionale autoriteiten yn beslach nommen. Nei de [[Oktoberrevolúsje]] joech it hûs ûnderdak oan hege funksjonarissen en ynstânsjes, mar it bleau fanwegen de moard op Ruslân's lêste tsaar foar in protte lju in bysûnder gebou. Wat hjir bard wie makke fan it gebou in soarte fan pylgersplak, dêr't minsken ek út oare dielen fan it lân benammen om wichtige data yn it libben fan de tsaar hinne op ôf kamen. Dit omtinken liede yn 1977 ta de foardracht fan KGB-foarsitter [[Joeri Andropov]] en it beslút fan it Sintrale Komité fan de Sovjet-Uny om it gebou te ferwoastgjen. It beslút waard rjochtfeardige mei it ekskús dat it gebou ôfbrutsen wurde moast om in oangrinzgjende strjitte te ferlingen. Mar ek nei de sloop fan it hûs bleau it plak foar minsken in hillig plak en nei it begjin fan de [[Perestrojka]] kamen jimmeroan mear leauwenden gear op it plak dat no in stik ûnlân wie. Oan de earste gearkomsten makke de plysje in ein, mar op 18 augustus setten de lju hjir in houten krús del, dat twa wiken letter lykwols waard ferwidere. It waard. folgeLetter trochfolgen in twadde en letter in tredde, no metalen krús.
 
== De nije tsjerke ==
Line 49 ⟶ 48:
Op 20 septimber 1990 joegen de gemeente en de tsjerklike autoriteiten tastimming oan it otterdokske [[bisdom Sverdlovsk]] om op it plak fan it eardere Ipatjevhûs in monumint te bouwen. Op 23 septimber 1992 waard úteinset mei de bou fan it tsjerke-monumint. Tegearre mei de earste stienlizzing waard in earder boude kapel ynwijd, mar as gefolch fan de drege ekonomyske sitewaasje yn Ruslân en it brek oan jild kaam de bou fuort dêrnei stil te stean.
[[File:Екатеринбург 0017 Храм-На-Крови.jpg|thumb|250px|Krúsbyld mei bylden fan de keizerlike famylje]]
Pas yn it jier 2000, nei de hilligferklearring fan de keizerlike famylje troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke, waard op it plak begûn mei nije tariedings fan de bou fan de tsjerke. Patriarch AlexiusAleksius II kaam op 23 septimber 2000 nei it plak om it nije projekt te wijen. De bou fan de tsjerke eine no hurd en it doel wie om de konsekraasje fan de tsjerke op de 85e jierdei fan de moard op de Romanov's gearfalle te litten. Op 16 july 2003 wie it safier dat de tsjerke plechtich ynwijd waard.
 
De tsjerke is in fiifkoepelich gebou woarn mei in hichte fan 60 meter. Se is yn Russysk-Byzantynske styl útfierd, de styl fan de measte tsjerken dy't tidens it regear fan Nikolaas boud waarden. De tsjerke bestiet út in boppe- en in ûndertsjerke. Yn de ljochte boppetsjerke dy't wijd waard oan Alderheljen krige in 30 meter lange en 13 meter hege ikonostase fan seldsume soarten wyt moarmer in plak. HjirDêr is boppe it plak dêr't de Romanov's fermoarde waarden in iepening yn de flier oanbrocht, sa't it fan boppe ôf sjoen wurde kin. Yn de benedentsjerke, de Bloedtsjerke, binne ek de autentike resten fan it Ipatjevhûs opnommen. Hjir stiet in porsleinen ikonostase fan in lokale porsleinfabryk. It alter fan de benedentsjerke stiet op it plak dêr't de eksekúsje fan de Romanov's plakfûn. Hjir is ek in museum ûnderbrocht mei in eksposysje dy't wijd is oan de lêste dagen fan de Romanov's en in auditoarium mei 160 sitplakken. Ek jout de tsjerke ûnderdak oan in sneinsskoalle en wurdt der Bibelûnderwiis jûn.
 
Op 27 novimber 2002 waard by de Tsjerke op it Bloed de earste stien lein foar de bou fan it patriarchalepatriargale kleaster mei de Nikolaastsjerke, dat yn 2003 ree kaam.
{{Boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [https://ru.wikipedia.org/wiki/%D0%A5%D1%80%D0%B0%D0%BC-%D0%BD%D0%B0-%D0%9A%D1%80%D0%BE%D0%B2%D0%B8_(%D0%95%D0%BA%D0%B0%D1%82%D0%B5%D1%80%D0%B8%D0%BD%D0%B1%D1%83%D1%80%D0%B3)]