Antonov An-2: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 36:
De '''Antonov An-2''' ([[Russysk]]: Ан-2, bynamme ''Annûska'') ([[NAFO-koadenamme]]: '''Colt''') is in fleanmasine dy't troch haadûntwerper [[Oleg Antonov]] ûntwurpen is. Hy sketste it ûntwerp yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Nei de oarloch stichte Oleg het Antonov Aviation Scientific-Technical Complex op om de [[Antonov (fleantugen)|Antonov]]-[[twadekker]] te fabrisearjen.
 
De Antonov An-2 waarden tal fan farianten fan makke; der waarden tastellen brûkt foar passazjiersferfier, fracht, eksploraasje, ambulancetsjinst en lânbou. De An-2 koe útrisd wurden mei tsjellen, sky's of driuwers. It tastel koe hiel wat ferneare en wie dêrom gaadlik foar de faak hûrdehurde omstannichheden yn de [[Sovjet-Uny]]. It tastel waard in sa'n grut súkses dat it ek yn lisinsje boud waard yn oare lannen, ûnder oaren yn Poalen en Sina. Der binne totaal likernôch 18.000 fan makke dy't fral yn de eardere Eastbloklannen brûkt waarden.
 
Nei de delfal fan it [[kommunisme]] yn Jeropa binne der in protte tastellen troch westerlingen kocht. Se wurde û.o. brûkt foar parasjutespringen en yn [[Kanada]] en [[Amearika]] wurde se as transportfleantugen ynset op flechten nei de wyldernissen fan [[Alaska]] en it hege noarden fan Kanada. Yn [[Nederlân]] binne ek twa fleanreeë eksimplaren. De [[Hongarije|Hongaarsk]] registrearre HA-ANI hat as thúsbasis Fleanfjild Teksel. Sûnt 2003 is der in Antonov 2 mei de registraasje D-FONL, dy't út [[Teuge]] wei fleand. De firma Classic Wings, dy't in ferfiersfergunning hat, fljocht mei dy An-2 yn hiel Nederlân en oanswettende lannen.