Waltastate (Hallum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
pear bonkjes
Rigel 1:
'''Waltastate''' stie oan de Meekmawei 2, te [[Hallum]], gemeente [[Ferwerderadiel]]. Op it stedstee stiet no in 18e iuwske [[pleats]].
 
De Waltastins waard nei alle gedachten yn de [[13e iuw]] boud. Walta wurdt yndirekt, troch de pachtersnamepachtersnamme, yn 1540 neamd; mei it toponym ''Waltha guedt en Walthe saete'' yn 1543. Yn [[1511]] en yn 1540 wie Walta in [[sate]] dy't troch Ernst Mockema alias Unema ferpachte waard. De fjouwer preesters lutsen yn 1511 mei elkoar 1 goedgûnegoudgûne, yn 1543 de [[pastorijepastorij]] in heale goudgûne en de sakrista en de prebendepreester elk 7 stuorren oan rinten út dit goed. Yn 1640 wie de widdo fan kaptein Aernsma eigenaresseeigeneresse fan Walta. Yn 1540 mar ek yn 1700 waard it goed foar 23 floreen oanslein.<br>
Yn 1698 is it goed eigendom fan mefrou Margareta fan Walta, widdo Coenders. Yn 1700 is jonhearjonkhear Willem fan Haren, [[grytman]] fan It Bilt de eigener en yn 1728 is Breeuts Gijsberts eigener en brûker. Yn 1832 is de pleats yn besit fan de erven Gijsbert Gerrits.
 
Neffens de hear W. Waldus fan de [[Rykstsjinst foar Aldheidkundich Boaiemûndersyk]] is de terp dêr't de state/stins op stiet sa'n 800 jier âld. De terp wie grif in nedersettingsterp út de (lette) midsiuwen.