Hûndertjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 5:
 
== Oanlieding en kriichsferrin ==
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs [[Kapet]] (1328) makke de Ingelske kening [[Eduard III (fan Ingelân)|Eduard III]], dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening [[Filips IV defan SkjinneFrankryk]] wie, oanspraak op de Frânske troan. Yn [[1337]] fernijde hy syn oanspraak út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, [[Filips VI fan Valois]], út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it ienige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rôp himsels ta kening fan Frankryk út yn [[1340]] (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
 
De "oarloch" dy't út in rige fan konflikten bestie wurdt meastentiids opdield yn trije of fjouwer parten: de Oarloch fan Eduard (1337-1360), de Oarloch fan Karel (1369-1389), de Oarloch fan Lancaster (1415-1429) en it trage ferfal fan de Plantagenets harren lok neidat [[Jeanne d'Arc]] op it toaniel ferskynde (1412-1431).